Anne van der Laan (It Hearrenfean, 1808 - Ljouwert, 30 april 1875) wie in jurist.

Nei syn stúdzje yn Grins waard hy abbekaat by de arondissemintrjochtbank op It Hearrenfean, siktaris fan de gemeente Skoatterlân en griffier fan de Steaten fan Fryslân (1848-1875). Van der Laan wie in foaroansteand liberaal en kenner fan it tsjerkerjocht, hy hat in soad skreaun oer de behearskwestje.

Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk rjochtsgelearde Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk liberaal Kategory:Persoan berne op It Hearrenfean Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Skoatterlân Kategory:Persoan berne yn 1808 Kategory:Persoan stoarn yn 1875