thumb|Betinkstien yn Kennemerdunen op it plak dêr't de lichems fan 92 fermoarde fersetslju fûn binne It Nederlânsk ferset yn de Twadde Wrâldkriich is de sammelnamme foar alle persoanen en groepen dy't yn de Twadde Wrâldkriich wjerstân bean hawwe oan de Dútske besetting fan Nederlân (1940-1945) en de Japanske besetting fan Nederlânsk-Ynje (1942-1945).De Groene Amsterdammer: Vergeten verzet in Nederlands-Indië. It ferset yn Nederlân wie benammen geweldleas en fersoarge in tige suksesfolle ûnderdûk, dy't late ta in grutte fersetsorganisaasje, de LO (Landelijke Organisatie voor Hulp aan Onderduikers). Uteinlik dûkten neffens it NIOD 350.000 Nederlanners ûnder (in rekôr yn beset Europa), ûnder wa't mear as 25.000 Joaden wiene.

Bekende fersetsstriders Piet Alberts Willem Arondeus Pierre Louis d’Aulnis de Bourouill Frieda Belinfante Ko Beuzemaker Jacob Boekman Pim Boellaard Jacobus Johannes Wilhelmus (Ko) Boezeman Gideon Willem Boissevain Jan Karel Boissevain Louis Boissevain Corrie ten Boom Pater Titus Brandsma O.Carm. Krijn Breur en Aat Breur-Hibma Henk Das Gerrit Frederik Dalenoord Jan Dieters Theo Dobbe Sally Dormits Jurjen Dreeuws Kees Dutilh Leo Frijda Reina Prinsen Geerligs Jos Gemmeke Daan Goulooze Saul (Paul) de Groot Walraven van Hall Erik Hazelhoff Roelfzema, better bekend as de 'Soldaat fan Oranje' Jan Herder C.P. van den Hoek Herman Holstege Jan van Hoof Johannes ter Horst Leo Boekbinder en Ina Horn-Boekbinder Peter van den Hurk Bernardus IJzerdraat Louis Jansen Johan Janzen Gerrit Willem Kastein Hans Katan Joseph Kentgens Tjerk Kloostra Anton de Kom Anton Kortlandt Helena Kuipers-Rietberg Sape Kuipers Albert Ferdinand Lancker Truus van Lier George Maduro Henk Michel Piet Oberman Allard Oosterhuis, koadenamme 'Zwaantje' Peter A.M. (Pam) Pooters Willem Poorterman De gebroeders Marinus en Johannes Post Jan Postma Klaas Postma Gerrit Raap H.M. van Randwijk Jan de Rooy Groep Rademaker Hilversum Willem Rademaker Frits Ruys Willem Ruys Hannie Schaft, bynamme 'it famke mei it reade hier' Cornelis Johannes Pieter (Kees) Schalker Geert Schoonman Jan van Straelen Henk Sneevliet Caspar Speksnijder Henk Speksnijder Albert van Spijker Geert Sterringa Han Stijkel Arie den Toom Frans Tromp - koadenamme 'De Ruiter', Feluwsk Ferset Gerrit van der Veen Jan Verleun Henry Vroom Koos Vorrink Gerben Wagenaar Hendrik Nicolaas Werkman Stuuf Wiardi Beckman sjoch ek: Fersetskrús

Yllegale parse Al rillegau nei de kapitulaasje ûntstie de yllegale parse. Omdat de besteande parse, it ANP foarop, lykskeakele waard, moasten de besteande kranten en radio-omroppen harren hâlde oan wat troch de besetter tastien waard.

Yllegale kranten:

Het Parool (july 1940) Vrij Nederland (augustus 1940) De Vonk fan de CPN (oktober 1940) De Waarheid (novimber 1940) Het Noorderlicht (novimber 1940) De Vonk fan de ISB (jannewaris 1941) Trouw (jannewaris 1943)

Koeriers en koerierstsjinsten Koeriers en koeriersters wurken in alle dielen fan it lân en yn alle ûnderdielen fan it ferset. In soad gruttere organizaasjes hiene harren eigen koerierstsjinsten. Foar de illegale kranten wie in distribúsje-apparaat fan libbensbelang. Ien fan de bekendste koeriersters wie Betty Trompetter, dy't gearwurke mei Johannes Post.

Keppelings om utens Sy keazen foar ferset: webstee oer inkelde fersetsstriders dy't begroeven binne op it Earehôf Bloemendaal Kamp Vught Yllegale pamfletten en brosjueres fan it ferset

Kategory:Ferset yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich