right|thumb|Isabelle Eberhardt right|thumb|Isabelle Eberhardt om 1900

Isabelle Eberhardt (Genêve, 17 febrewaris 1877 — Aïn Sefra, Algerije, 21 oktober 1904) wie in Switsersk/Russysk ûntdekkingsreizgster en skriuwster dy't yn Noard-Afrika wenne en reizge.

Foar dy tiid wie Isabelle Eberhardt in tige ûnôfhinklike frou, dy't de kovinsjonele Jeropeeske moraal ôfwiisde en har eigen gong gie en har boppedat, út oertsjûging, bekearde ta de islam. Isabelle wie goed oplaat en learde floeiend Arabysk sprekken en in stikmannich oare talen. Mei jonge jierren klaaide hja har al as in man fanwegen de gruttere frijheid dy't hja dan hie yn de maatskiplike omgong.

Under de skûlnamme 'Si Mahmoud' en ferklaaid as in man, swalke hja op it hynder troch de woastyn en besocht se sels islamityske hillige plakken. Har reizen betelle se mei it skriuwen foar Jeropeeske kranten.

De libbensstyl fan Eberhardt - sy smookte hasjysj, dronk as in keardel en wie seksueel frijfjochte - joech yn dy tiid de noadige opskuor.

Eberhardt stoar mei 27 jier, doe't har hutsje yn de woastyn meiskuord waard troch in modderstream. Har deiboeken binne nei de oerstreaming werom fûn en ek yn it Nederlânsk oerset.

Wurk Sud Oranais, 1905, J. Losfeld, Parys, 2003 Notes de route, 1908 Pages d'Islam, 1908 Trimardeur, 1911 Dans l'ombre chaude de l'Islam, 1921 Mes Journaliers, 1923 Amara le forçat, l'Anarchiste, 1923 Au Pays des sables (1e edysle mei de titel Contes et paysage, 1925), J. Losfeld, Parys, 2002

Nederlânske útjeften Isabelle Eberhardt, een vrouw door de woestijn ISBN 9041705716 Isabelle Eberhardt. Brieven, dagboeken en verhalen samle en ynlaat fan Eglal Errera. ISBN 9067661503

Kategory:Switsersk ûntdekkingsreizger Kategory:Switsersk reisferhaleskriuwer Kategory:Switsersk skriuwer yn it Frânsk Kategory:Switsersk anargist Kategory:Algerynsk ûntdekkingsreizger Kategory:Algerynsk reisferhaleskriuwer Kategory:Algerynsk anargist Kategory:Persoan dy't omkommen is troch ferdrinking Kategory:Frânsk-Switsersk persoan Kategory:Switsersk persoan fan Armeensk komôf Kategory:Switsersk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Switsersk persoan fan Russysk komôf Kategory:Algerynsk persoan fan Armeensk komôf Kategory:Algerynsk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Algerynsk persoan fan Russysk komôf Kategory:Algerynsk persoan fan Switsersk komôf Kategory:Persoan fan Baltysk-Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1877 Kategory:Persoan stoarn yn 1904