thumb|right|300px|Topografyske gemeentekaart fan Bunschoten Bunschoten (Nedersaksysk: Bunsjoten) is in gemeente yn de provinsje Utert. De gemeente hat likernôch ynwenners (, boarne: CBS) en hat in oerflak fan 35,58 km² (dêrfan 4,21 km² wetter). De gemeente waard oprjochte yn 1811.

Kearnen De gemeente hat fjouwer ofsjele kearnen: Bunschoten, Eemdijk, Spakenburch en Zevenhuizen.

Tal ynwenners per wenkearn op 1 jannewaris 2021:Sintraal Buro foar de Statistyk Bunschoten-Spakenburch * 21.190 (1 jannewaris 2021)Eemdijk820Zevenhuizen **200

Wêrfan 3.000 yn de kearn Bunschoten en 3.700 yn de kearn Spakenburch Kearn Sânhuzen en omlizzend bûtengebiet

Bunschoten en Spakenburch binne troch ferskate nijbouwiken sa oanelkoar woeksen, dat gjin ûnderskied mear makke wurdt tusken de twa, útsein foar de âlde kearnen fan de twa plakken. Foar de post lizze, bygelyks, alle adressen yn Bunschoten-Spakenburch. Dochs ferskilt it karakter fan de beide plakken dúdlik. Bunschoten, oan de súdkant, wie altyd in boeredoarp, mar hie yn it ferline wol stedsrjochten. Spakenburch hat altyd in fiskersdoarp west, eartiids oan de Sudersee, tsjintwurdich oan de Iemmar.

Karakteristyk foar Bunschoten en Spakenburch binne de oerâlde drachten, hoewol't it dragen hurd minder wurdt. Ek hawwe de doarpen in dúdlik Protestantsk-Kristlik karakter; benammen de Grifformearde Tsjerken frijmakke hawwe in soad leden.

Polityk Gemeenteried Utslach fan de gemeenteriedsferkiezing fan 2022:

Gemeenteriedsferkiezing 2006PartijStimmen yn %SittenKristenUny32,46VVD23,04CDA19,03Kristlike Arbeiderspartij (CAP)10,62Opkomst57,419

Utslaggenoersjoch fan de gemeenteriedsferkiezings yn Bunschoten sûnt 1994: Histoarysk oersjoch gemeenteriedsferkiezingsPartijStimmen yn %Sitten yn de ried19941998200220061994199820022006KristenUny(29,7)(40,2)39,139,9(5)(7)67Betelber Bunschoten--10,121,5--24CDA17,122,322,220,83443Kristlike Arbeiderspartij (CAP)23,420,917,817,84433VVD9,07,45,7-211-Progressyf-Politike Gearwurking (PPS)7,26,35,2-111-GPV29,729,6--55--RPF-10,6---2--SGP-2,9---0--Oare partijen (RPF-SGP)13,6---2---Opkomst79,466,964,969,517171717

2002: GPV & RPF → KristenUny

Kolleezje fan B en W It kolleezje fan boargemaster en wethâlders bestiet (2022) út leden fan de KristenUny en VVD (meiïnoar 12 fan de 19 sitten).

Boargemaster: Melis van de Groep - KristenUny Wethâlder: Bert Koops - KristenUny Wethâlder: Rick Beukers - VVD Wethâlder: Alice Kok - KristenUny

Berne Melis van de Groep (1958), amtner en politikus (by Bunschoten: amtner (1979-1991), riedslid (1994-2002), wethâlder (1997-2006) en boargemaster (sûnt 2006)

Keppelings om utens Stipepunt frijwilligers. Digitaal Doarp Spakenburch. Bunschoten op toerisme.nl.

Kategory:Gemeente yn Utert Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811