Meindert Tjoelker (Hoarn, 14 jannewaris 1967 - Ljouwert, 13 septimber 1997) wie slachtoffer fan sinleas geweld.
Dea Meindert Tjoelker en trije fan syn freonen seagen op 13 septimber 1997, syn frijfeintedei, dat fjouwer mannen yn de binnenstêd fan Ljouwert in fyts yn it wetter smieten. Doe't Tjoelker dêr wat fan sei bruts in gefjocht út tusken de acht. Hjirby skopten de fjouwer him dea.
Fûnis Op 24 desimber 1998 waarden de twa wichtichste fertochten yn heger berop feroardiele ta twa-en-heal jier finzenisstraf. De tredde waard ta 180 oeren tsjinstferliening feroardiele, wylst de fierde fertochte 13 april 1999 frijsprutsen waard.
Neitins Yn septimber 1998 waard yn Ljouwert op it plak fan it gefjocht in tinkstien foar Meindert Tjoelker ûntbleate.
Kategory:Nederlânsk misdieslachtoffer Kategory:Frysk misdieslachtoffer Kategory:Moardslachtoffer Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Westfrysk persoan Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1967 Kategory:Persoan stoarn yn 1997