thumb|Jozef Israëls: Boeremiel yn Delden thumb|Hendrik Willem Mesdag: Tarieding foar oanlizzen. De Haachske Skoalle is de namme fan in groep keunstners dy't libben en wurken yn De Haach tusken likernôch 1860 en 1890. Harren wurk waard tige beynfloede troch de realistyske skilders fan de Frânske Barbizon skoalle. De skilders fan de Haachske Skoalle makken meast gebrûk fan betreklik sombere kleuren, faken wat dizich opbrocht. Dêrom wurdt der ek wol ferwiisd nei de Haachske Skoalle mei de 'Grize Skoalle'.
By de keunstners dy't fan de Haachske Skoalle beynfloede binne hearre Vincent van Gogh, Piet Mondriaan, George Hendrik Breitner, Jan Toorop en Isaac Israëls en yn Fryslân Ids Wiersma.
Fertsjintwurdigers Floris Arntzenius Adolph Artz Gerard Bilders Bernard Blommers Théophile de Bock Johannes Bosboom Paul Gabriël Johannes Hubertus Leonardus de Haas Gerrit van Houten Jozef Israëls Jacob Maris Matthijs Maris Willem Maris Anton Mauve Hendrik Willem Mesdag Taco Mesdag Sina Mesdag-van Houten Albert Neuhuys Willem Roelofs Philip Sadée Julius van de Sande Bakhuyzen Willem Bastiaan Tholen Jan Hendrik Weissenbruch Ids Wiersma Willem de Zwart
Keppeling om utens De Haachske Skoalle en de jonge Van Gogh.
Kategory:Skilderstyl