thumb|150px|Sineesk ferkearsboerd yn it Mandarynsk It Standertmandarynsk is in standardisearre foarm fan it Sineesk-mandarynsk. Wurden yn it mandarynsk wurde net bûgd, ynstee dêfan binne der fjouwer toanen. It mandarynsk hat lûdrike wurde, lykas gǒu (foar hûn) en māo (foar kat). De mandarynske wurden yn dit artikel binne yn it Pinyin skreaun, mar de taal wurdt yn Sina mei it tradisjonele skrift skreaun, of mei in ienfâldigere ferzje fan dat skrift.

Simpele sin Der is gjin bûgingsferskaat yn it mandarynsk, dat in simpele sin is yn it mandarynsk sa opboud: ûnderwerp + it stelde + foarwerp.

Foarbyld: Gǒu shòuliè miányáng. betsjut De/in hûn jaget/it skiep., mar letterlik oerset Hûn jaget skiep.

Freegjende sinnen Hjir binne in pear foarbylden fan freegjende sinnen yn it mandarynsk:

Zhè shì shénme? (letterlik oerset Dat wêze wat?) betsjut Wat is dat?

Zhè shì shénme dòngwù? (letterlik oerset Dat wêze wat dier?) betsjut Hokfoar in dier is dat?

Shénme síhòu? (letterlik oerset Wat tiid?) betsjut Wannear?

At der oars gjin freegjend foarnamwurd yn de sin sit, brûkt men ma efter de freegjende sin, om sjen te litten, dat dy sin in freegjende sin is:

Nǐ gàosù. (letterlik oerset Do prate.) betsjut Do praatst.

Nǐ gàosù ma? betsjut Praatsto?

Toanen thumb|150px|De fjouwer toanen. De earste toan is heech, de twadde toan is opgeand, de tredde is djip (earst ôfgeand, dan wer opgeand) en de fjirde toan is hiel koart en ôfgeand. At men in wurd mei in oare toan útsprekt, dan betsjut dat gauris wat oars. Bygelyks it wurd "ma":

1. Toan:mā of māma betsjut mem

2. Toan:má betsjut himp

3. Toan:mǎ betsjut hynder

4. Toan: mà betsjut skelle

De toanleaze ma brûkt men oan 'e ein fan in fraach, as der oars gjin freegjend foarnamwurd is. (it foarbyld stiet hjir!)

Keppeling om utens Ynternet kursus mandarynsk Wurdboek Dútsk-Mandarynsk; Mandarynsk-Dútsk

Kategory:Sineesk Kategory:Mandarynsk

ace:Bahsa Mandarin ang:Ambihtlic Cīnisc sprǣc/ᚱᚢᚾ arc:ܠܫܢܐ ܡܢܕܪܝܢܝܐ be:Паўночнакітайская мова bg:Мандарин ca:Mandarí ceb:Minandarin cy:Tsieinëeg Mandarin diq:Mandarinki en:Mandarin Chinese es:Chino mandarín fa:زبان ماندارین fr:Mandarin (langue) ga:An Mhandairínis gl:Mandarín he:מנדרינית hi:मन्दारिन भाषा ia:Lingua chinese mandarin id:Bahasa Mandarin is:Mandarín it:Lingua cinese mandarino ja:官話 kn:ಮ್ಯಾಂಡರಿನ್ ಭಾಷೆ ko:관화 la:Lingua Sinensis Mandarinica lad:Idioma shino mandarin lv:Mandarīnu valoda mg:Fiteny sinoa mandarina mk:Мандарински јазик ml:മാൻഡറിൻ ms:Bahasa Mandarin nl:Mandarijn (taal) nn:Mandarinspråk no:Mandarin (språk) pl:Języki mandaryńskie pnb:مینڈارن چینی pt:Língua mandarim qu:Chinchay Han simi ro:Limba mandarină ru:Севернокитайский язык sco:Mandarin Cheenese simple:Mandarin language sr:Мандарински језик sv:Mandarin (språk) ta:மாண்டரின் மொழி th:ภาษาจีนกลาง tr:Mandarin uk:Мандаринська мова ur:مینڈارن چینی vi:Quan thoại zh:官话 zh-classical:官話