Junkers Ju 88 275px Rol Multyfunksjoneel gefjochtsfleantúch Makker Junkers Untwerper W.H. Evers en Alfred Gassner Earste flecht 21 desimber 1936 Yn tsjinst Septimber 1939 Ut tsjinst 1951 (Frankryk) Tal makke 14.882 (1939 - 1945) Brûkers Fariant Junkers Ju 188 en tsientallen ferzjes
De Junkers Ju 88 wie in twa-motorige middelswiere bommesmiter fan de Dútske fabrikant Junkers. It tastel wurdt beskôge as ien fan de bêste fleanmasines fan de Luftwaffe yn de Twadde Wrâldkriich.
De Ju 88 wie in fleanmasine mei in brede tapassing. Hy waard ynset as jachtbommesmiter, nachtjager (Ju 88C), (dûk)bommesmiter, torpedobommesmiter en ferkenningsfleanmasine en tsjin de ein fan de oarloch as Mistel (fleanende bom). Tsientallen farianten hawwe der west.
Yn de Twadde Wrâldoarloch is it tastel ek as nachtjager fan de Fliegerhorst Deelen ôf ynset dêr't de 2e Gruppe Nachtjagdgeschwader stasjonearre wie en yn de 5e Gruppe Zerstörer fan Fliegerhorst Volkel ôf.
It tastel tsjinne oan alle fronten fan beset Jeropa. Der binne sa'n 15.000 eksimplaren fan boud.
Technyske feiten (útsein de jachtfarianten) Motors: twa Junkers Jumo 211 linemotors, 1200 hk it stik Bewapening: oant 1650 kg bommen, fjouwer 7,92 mm mitrailleurs Heechste faasje: 450 km/o op 6000 m hichte Fleanberik: 1000 km mei normale bomlading Fleanplafond: 8750 m Bemanning: 3
Keppeling om utens Warbirds webside mei mear oer de Ju 88
Kategory:Dútske bommesmiter Kategory:Dútske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1936