Joke Tjalsma (Nijlân, 1 juny 1957) is in Nederlânsk aktrise fan Frysk komôf út Amsterdam dy't op toaniel en telefyzje te sjen is. Groeide op oan de Willem Loadewykstrjitte yn Snits en folge nei de detailhannelskoalle yn Snits de Hafû. Sy studearre ôf yn 1983 oan de Toanielskoalle Maastricht.
Spile rollen by ferskate teaterselskippen en hat sy ek eigen teaterfoarstellings makke. Dit die sy yn 'e mande mei Tom de Ket en Dirk Groenveld ûnder de namme 'Balieproduksjes'. Wurke fierders by selskippen as Carver, it Zuidelijk Toneel, Hollandia, Oostpool, it Onafhankelijk Toneel en it Noard Nederlânsk Toaniel. Ek wiene der gearwurking mei ûnder oare Suver Nuver, Alex d'Electric en mei Freek de Jonge yn 'Kerst van een Clown'en 'Kortgehouden'.
Sy wie ek te sjen yn films sa as De Dream en Nynke en hja hie rollen yn telefyzjesearjes, û.o. Hertenkamp, De Daltons en it mei in Nipkow-skiif bekroande '30 minuten'. Ein 2006 is hja fannijs te sjen yn in film: Wild Romance, oer it libben fan Herman Brood. Hja spilet de rol fan Herman syn mem. De film komt nei't ferwachte wurdt op 5 novimber 2009 út.
Yn 2008 siet Joke Tjalsma as Joke yn de dramasearje Gooische Vrouwen (fjirde seizoen).
Filmografy 1985 - De Dream - Ymkje Jansma 1987 - Donna Donna - Coby Gompelman De Vuurtoren 1995 - 30 minuten 1998 - Hertenkamp (telefyzje) - Wies 1999 - De Daltons (telefyzje) - Mem fan Gijs-Jan 2001 - Nynke - Nelly van Kol 2006 - Wild Romance (film) - Herman Brood's Mem 2007 - De Daltons, de jongensjierren - Mem fan Gijs-Jan 2008 - Gooische Vrouwen - Joke 2006 - Sportman van de Eeuw 2010 - Iep! - Tine 2010 - De gelukkige huisvrouw - Henriette, mem fan Lea 2012 - Golden Girls - Buorfrou Gerda Fransen 2013 - t Schaep in Mokum - Jannie Balk 2013 - Bobby en de geestenjagers - Dorothea 2014 - Bak - Wethâlder Geke Jensma 2014 - Aanmodderfakker - Leonie, mem fan Thijs 2015 - Jack bestelt een broertje - Jans 2016 - De Ludwigs - Muoike Hedwig 2016 - De mannen van dokter Anne - Helen Hazenberg 2017 - B.A.B.S. - Marian Nieuwenhaag 2018 - Exportbaby- Ria 2018 - Masterclass - Hinke 2022 - De regels van Floor - Tina 2022 - Tropenjaren - mem fan Rosa en Bregje 2024 - BODEM - Muoike Joke 2024 - Superkrachten voor je hoofd - Beppe 2024 - De z van zus - Lien 2024 - Medisch Centrum West - Sjaan Visser 2026 - Hond & Ik - Gerda 2026 - PAAZ - Joyce
Telefyzje Pleidooi 30 Minuten Hertenkamp De Daltons en De Daltons De Jongensjaren Gooische Vrouwen Verborgen Gebreken Sinterklaasjournaal - Lotje Koekkoek (2018)
Keppeling om utens IMDb-profyl
Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Nijlân Kategory:Persoan berne yn 1957