William Henry Pratt (Camberwell (Grut-Londen), 23 novimber 1887 - Midhurst (Susseks), 2 febrewaris 1969) wie in Ingelsk akteur dy't bekend wurden is ûnder syn artystenamme Boris Karloff.

Pratt hie diplomaat wurde sillen en hat yn Londen studearre. Hy emigrearre lykwols yn 1909 nei Kanada en socht ûnder de namme Boris Karloff oansluting by in teaterselsskip. Sy trokken tsien jier troch de Feriene Steaten oant Karloff yn Hollywood telâne kaam. Hy hie op dat stuit gjin bekendheid en gjin jild. Hy spile dêrnei yn 80 (meast stomme) films oant er yn 1931 cast waard foar de rol fan mûnster yn de film Frankenstein. Karloff soe dy rol, mei de bekende bouten yn syn hals, noch twaris spylje yn de 'Breid fan Frankenstein' en de 'Soan fan Frankenstein', en om dizze rol bleau er de minsken it meast by, mar Karloff hat tal fan oare rollen yn films en teaterstikken fertolke.

Yn tsjinstelling ta it byld fan aakliksma wie Karloff in minlik minske dy't mâl mei bern wie en graach foar harren de Krystman spile. Ek brocht er ferskate opnames fan berneferhalen (foar radio) út. In sosjabel man mei in protte freonen, ek bûten syn fakwrâld.

Filmografy De folsleine filmografy yn de Ingelsktalige Wikipedy

Literatuer : The Frankenstein Legend. A Tribute to Mary Shelley and Boris Karloff. Scarecrow Press, Metuchen NJ 1973, ISBN 0-8108-0589-8 : Boris Karloff and His Films. A.S. Barnes, South Brunswick 1974, ISBN 0-498-01324-3 : Dear Boris. The Life of William Henry Pratt A.K.A. Boris Karloff. Limelight Editions, London 1995, ISBN 0-87910-106-7 : Boris Karloff. A Critical Account of His Screen, Stage, Radio, Television and Recording Work. Mei in foarwurd fan Ray Bradbury. McFarland and Company, Jefferson N.C. 1991, ISBN 0-89950-580-5 : Boris Karloff. A Gentleman's Life. Midnight Marquee Press, Baltimmore 1999, 2005 (werútjefte), ISBN 1-887664-23-8

Keppelings om utens Karloff's berteplak Vertlieb's Views: Boris Karloff Boris Karloffs offisjele hiemside

Kategory:Ingelsk toanielakteur Kategory:Ingelsk harkspulakteur Kategory:Ingelsk stimakteur Kategory:Ingelsk filmakteur Kategory:Ingelsk stomme-filmakteur Kategory:Grammy-winner Kategory:Ingelsk persoan fan Yndiaask komôf Kategory:Persoan berne yn 1887 Kategory:Persoan stoarn yn 1969