thumb|250px|Skulptuer Berlyn (2000), kantoar fan de Bûnskanselier yn Berlyn thumb|250px| Monumint foar Thyssen (1971), Düsseldorf Eduardo Chillida Juantegui, Baskyske stavering: Eduardo Txilida Juantegi (San Sebastian, 10 jannewaris 1924 – dêre, 19 augustus 2002) wie in Spaansk-Baskyske byldhouwer.
Biografy Fan 1943 oant 1946 studearre Chillida arsjitektuer yn Madrid. Yn 1949 ferhuze hy nei Parys, wêr't hy in atelier ynrjochte. Yn 1949 waard hy kurator fan it "Musée National d´Art Moderne Salon de Mai". Yn 1950 (neffens oare boarnen: 1951) gie hy werom nei San Sebastian. Fan 1959 oant 1977 die hy mei oan ferskate documenta-tentoanstellings: documenta II, documenta III, 4. documenta en documenta 6 yn Kassel. Yn de tachtiger en njoggentiger jierren waarden der wichtige retrospektiven organisearre yn New York City, Bonn, Münster, Berlyn, Frankfurt am Main en San Sebastian.
Yn syn earste wurken lei Chillida him noch ta op de minsklike foarm (meastal torso's en bustes yn stien útfierd). Lettter waarden syn bylden massiver en abstrakter en kreëarre hy mear monumintale wurken foar de iepenbiere romte (faak yn beton, granyt, getten izer of waarfêst stiel). Gauris joech er de bylden Baskyske nammen.
Syn grutste ûnfoltôge wurk is in gat yn de Tindayaberch op it Kanaryske eilân Fuerteventuera. It wie de bedoeling om it hert fan de berch út te dollen mei in kubus fan 50 by 50 meter. Dy lege romte moast dan 'in plak fan tolerânsje' wêze. De lokale oerheid woe der in nij wrâldwûnder fan meitsje, mar natoerbewegings hawwe de plannen oant no ta opkeard.
Chillida hearde ta de wichtichste byldhouwers fan de tweintichste iuw. Alle besikers fan San Sebastian wolle 'De Wynkaam' sjen. De grutte earms fan stiel stekke út oer de see en omklamje de hoarizon. Se binne oan de stêd skonken troch Chillida. Op it byldepark
Byldeparken Syn wurken wurde tentoansteld yn foaroansteande byldeparken, lykas: Yorkshire Sculpture Park yn Ingelân Museum Chillida-Leku yn Spanje Museum Insel Hombroich yn Dútslân Museo de Escultura al Aire Libre (Madrid) yn Spanje Byldepark fan de Pinakoteken München yn Dútslân
Keppelings om utens Chillida Ynformaasje oer Chillida Webstee Museum Chillida-Leku
Kategory:Spaansk byldhouwer Kategory:Spaansk graveur Kategory:Spaansk fuotballer Kategory:Baskysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1924 Kategory:Persoan stoarn yn 2002