Rutger Oelsen Hauer (Breukelen, 23 jannewaris 1944 - Beetstersweach, 19 july 2019) wie in Nederlânsk akteur dy't sûnt de jierren tachtich benammen yn de Feriene Steaten wurket. Foar syn rol yn Blade Runner waard hy nominearre foar in Academy Award. Ta de haadprizen dy't er wûn hearre in Golden Globe, twa Gouden Keallen en in Rembrandt Award.
Libben en wurk
Hauer is in soan fan de akteurs Arend Hauer en Teunke Mellema (1906-1979). Doe't Hauer de Amsterdamske Toanielskoalle dien hie yn 1967 spile er in skoft by de Noarder Kompanjy út Drachten yn ferskate stikken, dêr wiene Shakespeare's Richard III, John Steinbeck's Of Mice and Men, Joost van den Vondel's Joseph in Dothan en Max Frisch syn Biedermann und die Brandstifter by.
Yn 1969 waard Hauer yn it hiele lân bekend mei de haadrol yn de telefyzjesearje Floaris, in avontoererige dy't him yn de Midsiuwen ôfspile. Yn dy tolfdielige searje fan regisseur Paul Verhoeven spile Hauer ridder Floaris fan Rosemondt.
Yn 1973 krige er as filmakteur ynternasjonale bekendheid troch syn haadrol yn Turks Fruit, (nei it boek fan Jan Wolkers). It levere him syn earste byrol op yn in Ingelsktalige film, The Wilby Conspiracy út 1975, mei Sidney Poitier en Michael Caine. Yn de jierren tachtich wie er ek te sjen yn Ingelân yn in rige reklamespots foar Guinness.
Nei 1990 begûn Hauer hieltyd mear yn B-films en tf-searjes te spyljen. Hy wie foaral te sjen yn aksje-, horror- en sciencefictionfilms mei in relatyf leech budget, trochstrings yn de rol fan in minnen-ien.
Yn it nije millennium begon Hauer oan in comeback nei de A-film.
Hauer boaske yn 1985 syn twadde frou Ineke ten Cate, dochter fan sjoernalist Laurens ten Cate (sy wiene al by elkoar sûnt 1968). Hauer hat ien dochter, aktrise Aysha Hauer, berne yn 1966 en hy is pake wurden yn 1988.
Hauer stoar nei in koart siikbêd yn de âlderdom fan 75 jier thús yn Beetstersweach. Der stie fan him in rou-advertinsje yn 'e Ljouwerter Krante. De útfeart mei kremaasje wie yn besletten rûnte op 24 july 2019.
Filmografy thumb|Rutger Hauer as Floris
thumb|Hantekening fan Rutger Hauer
Monsieur Hawarden (1969) - rol ûnbekend, sênes fuortknipt Floris (telefyzjesearje, 12 ôf., 1969) - Floris van Rosemond The Pathfinders (telefyzjesearje ôfl. Sitting Ducks, 1972) - Pieter van Paersen Waaldrecht (telefyzjesearje, ôfl. Taxi Meneer?, 1973) - Rogier de Jonge Repelsteeltje (1973) - kening Turks Fruit (1973) - Erik Vonk Pusteblume (1974) - Rick Floris van Rosemond (telefyzjesearje, 1975) - Floris fan Rosemond La donneuse (1975) - ... The Wilby Conspiracy (1975) - Blane van Niekirk Keetje Tippel (1975) - Hugo Das Amulett des Todes (1975) - Cris Het Jaar van de Kreeft (1975) - Pierre Max Havelaar (1976) - Duclari Soldaat van Oranje (1977) - Erik Lanshof Mysteries (1978) - Johan Nagel Pastorale 1943 (1978) - August Schultz Es begann bei Tiffany (telefyzjefilm, 1979) - Ryder Een Vrouw tussen Hond en Wolf (1979) - Adriaan Grijpstra en de Gier (1979) - Rinus de Gier Duel in de diepte (telefyzjesearje, 1979) - John van der Velde Spetters (1980) - Gerrit Witkamp Nighthawks (1981) - Reinhardt Heimar Wulfgar Chanel Solitaire (1981) - Etienne de Balsan Inside the Third Reich (telefyzjefilm, 1982) - Albert Speer Blade Runner (1982) - Roy Batty The Osterman Weekend (1983) - John Tanner A Breed Apart (1984) - Jim Malden Eureka (1984) - Claude Malliot van Horn Ladyhawke (1985) - kaptein Etienne Navarre Flesh & Blood (1985) - Martin The Hitcher (1986) - John Ryder Wanted: Dead or Alive (1987) - Nick Randall Escape from Sobibor (telefyzjefilm, 1987) - Aleksander 'Sasha' Petsjersky Salute Of The Jugger (1988) The Legend of the Holy Drinker (1988) - Andreas Kartak The Law of the Desert (minysearje, 1989) - Tom Burton The Edge (telefyzjefilm, 1989) - ... Blind Fury (1989) - Nick Parker As Long as It's Love (1989) - John Knott The Blood of Heroes (1989) - Sallow Bloodhounds of Broadway (1989) - The Brain Wedlock (telefyzjefilm, 1991) - Frank Warren Beyond Justice (1992) - Tom Burton Past Midnight (1992) - Ben Jordan Split Second (1992) - Harley Stone Buffy the Vampire Slayer (1992) - Lothos Arctic Blue (1993) - Ben Corbett Blind Side (telefyzjefilm, 1993) - Jake Shell Voyage (telefyzjefilm, 1993) - Morgan Norvell Surviving the Game (1994) - Thomas Burns Amelia Earhart: The Final Flight (telefyzjefilm, 1994) - Fred Noonan Nostradamus (1994) - mystike mûnts The Beans of Egypt, Maine (1994) - Reuben Bean Fatherland (telefyzjefilm, 1994) - SS-Sturmbannführer Xavier March Blood of the Innocent (1995) - dr. Lem Crossworlds (1996) - A.T. Mariette in Ecstasy (1996) - kapelaan Mr. Stitch (telefyzjefilm, 1996) - dr. Rue Wakeman Precious Find (1996) - Armond Crille Knockin' on Heaven's Door (1997) - Curtiz Blast (1997) - Leo Omega Doom (1997) - Omega Doom Lexx: The Dark Zone (minysearje, 1997) - Bog The Call of the Wild: Dog of the Yukon (telefyzjefilm, 1997) - John Thornton Hostile Waters (telefyzjefilm, 1997) - kaptein Britanov Bleeders (1997) - dr. Marlowe Lexx: The Dark Zone (telefyzjesearje, ôf. Eating Pattern, 1997) - Bog Deathline (1997) - John Anderson WadeThe Ruby Ring (telefyzjefilm, 1997) - Patrick CollinsTactical Assault (1998) - kaptein John 'Doc' HolidayMerlin (telefyzjefilm, 1998) - kening VortigernBone Daddy (1998) - William H. PalmerSimon Magus (1999) - greve AlbrechtNew World Disorder (1999) - David MarxLying in Wait (2000) - Keith MillerPartners in Crime (2000) - Gene ReardonThe 10th Kingdom (minysearje, 2000) - HuntsmanWilder (2000) - dr. Sam Dennis CharneyThe Room (2001) - HarryThe Last Words of Dutch Schultz (2001) - Arthur 'Dutch Schultz' Flegenheimer (stim)Jungle Juice (2001) - Jean-LucTurbulence 3: Heavy Metal (2001) - ko-piloat MacIntoshFlying Virus (2001) - EzekialThe God's Bankers (2002) - kardinaal MarcinkusScorcher (2002) - presidint NelsonWarrior Angels (2002) - GrekkorConfessions of a Dangerous Mind (2002) - KeelerAlias (telefyzjesearje, ôfl. Phase One, 2003) - Anthony Geiger Smallville (telefyzjesearje, ôfl. Phoenix & Exile, 2003) - Morgan EdgeIn the Shadow of the Cobra (2004) - GalloTempesta (2004) - Van Beuningen'Salem's Lot (telefyzjefilm, 2004) - Kurt BarlowNever Enough (2004) - SebastianSin City (2005) - kardinaal RoarkBatman Begins (2005) - EarleDracula III: Legacy (2005) - greve DraculaMirror Wars: Reflection One (2005) - de baasThe Poseidon Adventure (telefyzjefilm, 2005) - biskop August SchmittThe Hunt for Eagle One (2006) - generaal Frank LewisCrusade of Vengeance (2006) - GrekkorMinotaur (2006) - CyrnanMentor (2006) - Sanford PollardThe Hunt for Eagle One: Crash Point (2006) - generaal Frank LewisGoal II: Living the Dream (2007) - Rudi van der Merwe7eventy 5ive (2007) - Detective CritonMoving McAllister (2007) - McAllisterStarting Over (Telefyzjefilm, 2007) - Peter RossenMagic Flute Diaries (2008) - Dr. Richard NagelSpoon (2008) - Victor Spoon Bride Flight (2008) - FrankThe Rhapsody (2008) - ...The Prince of Motor City (telefyzjefilm, 2008) - ...Oogverblindend (2009) - Cyrus FrischBarbarossa (2009) - keizer Freark BarbarossaHappiness Runs (2010) - InsleyThe 5th Execution (2010) - HuntLife's a Beach (2010) - Jean-LucThe Mill and the Cross (2011) - Pieter BruegelHobo with a Shotgun (2011) - swalkerThe Rite (2011) - Istvan KovakBlack Butterflies (2011) - Abraham JonkerDe Heineken Ontvoering (2011) - Freddie HeinekenAlle for én (2011) - Niemeyer (Deenske film)True Blood (2013-2014) - Niall BrigantFrancesco (2014, telefyzjefilm) - heit fan FrancescoThe Scorpion King 4: Quest for Power (2015) - kening ZakkourMichiel de Ruyter (2015) - admiraal Maarten Tromp WAX: We Are The X (2015) - Aaron MulderValerian and the City of a Thousand Planets (2017) - presidint fan 'e Wrâldsteatfederaasje24 Hours to Live (2017) - FrankThe Sisters Brothers (2018) - de kommandeur
Ferskaat Yn 2004 einige er op nr. 92 by de ferkiezing fan de Grutste Nederlânner. Mei de The Rutger Hauer Starfish Association krewearret Hauer him foar it lot fan mei Hiv besmette bern en swiere froulju.Rutger Hauer Starfish Association. Accessed 2008-05-30. Teffens stipet Hauer Sea Shepherd en sit er yn de "Board of Advisors" fan dy organisaasje. Hauer wennet offisjeel yn Hollywood (FS), mar hat ek altyd in went yn Fryslân oanholden, nammentlik in eardere pleats yn Beetstersweach. Yn april 2007 ferskynde syn autobiografy All Those Moments: Stories of Heroes, Villains, Replicants, and Blade Runners (co-skriuwer Patrick Quinlan) dêr't er in protte syn filmrollen yn besprekt.Rutger Hauer and Patrick Quinlan. All those moments: stories of heroes, villains, replicants, and Blade Runners, New York, NY: HarperEntertainment, 2007. ISBN 0061133892. Alles wat boek opsmyt giet nei Hauer's Starfish Foundation''. Septimber 2009 krige Hauer 'de Gratama', de nei Rients Gratama neamde kultuerpriis fan de gemeente Smellingerlân. De priis wurdt útrikt oan minsken dy't harren 'bûtengewoan fertsjinstlik makke hawwe op kultureel-maatskiplik mêd yn Fryslân'.Wykblêd Áctief', 23 septimber 2009. Foarside.
Rutger Hauer Award Filmfestival Shortcutz Amsterdam rikt fan 2020 ôf de Rutger Hauer Award út oan in persoan of ynstelling dy't troch jonge filmmakkers as ynspiraasjeboarne sjoen wurdt. De earste Rutger Hauer Award is takend oan regisseur Paul Verhoeven.
Keppelingen om utens Offisjeel webstee Rutger Hauer by Hollands Film Glorie NPS dokumentêre oer akteur Rutger Hauer Filmfoto's fan Rutger Hauer
Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Nederlânsk miljeu-aktivist Kategory:Nederlânsk sosjaal aktivist Kategory:Sûnensaktivist Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Frysk miljeu-aktivist Kategory:Frysk sosjaal aktivist Kategory:Golden Globe-winner Kategory:Gouden Keal-winner Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan stoarn yn Beetstersweach Kategory:Persoan berne yn 1944 Kategory:Persoan stoarn yn 2019