Douwe Hermans Kiestra (Poppenwier, 4 desimber 1899 - Raard, 3 juny 1970) wie in Frysk boer, skriuwer, dichter en politikus.

Biografy Hy wie de soan fan Hermanus Kiestra, feehâlder, en Trijntje Hornstra. Hy gie nei de Rykslânbouwinterskoalles en gie dêrnei oan 't wurk op syn heite pleats. Hy troude op 25 maaie 1925 mei Aaltsje Hannema. Se krigen twa soannen en ien dochter. Hy waard dêrnei pachter op in feehâlderij yn Poppenwier. Yn 1938 ferhuze de hûshâlding nei in pachtpleats yn Eagmaryp, mar al yn 1941 gie er werom nei syn bertestreek. Dêr pachte er in buorkerij ûnder Tersoal. As lêste hie er fand 1962-1967 in lytse buorkerij yn Poppenwier.

Om syn aktive pro-Dútske hâlding yn 'e Twadde Wrâldkriich (Hy wie û.o. lid fan 'e NSB en de Nederlânske SS) waard er nei de kriich ta 2 1/2 jier finzenis feroardield. Ek krige hy in publikaasjeferbod oplein foar fiif jier. Dêrom is Sinne op ’e striesek, dêr't er syn ûnderfiningen yn ynternearringskampen beskriuw, ûnder skûlnamme ferskynd.

Nei 1945 waard er al rillegau wer opnaam yn de Fryske literêre wrâld. Hy gie fannijs wer nei tsjerke en publisearre on fertaling fan de Spreuken van Salomo, skreau krystlieten en der ferskynde wurk fan him yn kristlike blêden. Op de ein fan syn libben skreau er in tsjûke roman yn twa dielen oer it Fryske boerelibben: Ien wike útbuorren (diel 1: De Buorskip, diel 2: De Toartels), wêr't er de priis fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek krige. Yn it jier fan syn fertsjerren ferskynde in bondel Forhalen.

Bibliografy Poëzij Efter it oargel : fersen 1935 : Sinne op ’e striesek (ûnder skûlnamme D. van Wieren) 1946 It jier yn ’t roun (1955) De spreuken fan Salomo (1968) Blêdswylsel fan it Bolwurk (ûnder skûlnamme Harmen Harsta) (1968) Samle fersen (besoarge troch: D.A. Tamminga en T. Hoekema) (1982) Skielk beart de hjerst (blomlêzing fan syn fersen, gearstald en besoarge troch Abe de Vries) (2005)

Romans De froulju fan de fetweider (werprintingen: 1970/1993) (1939) Ien wike útbuorren (2 dielen) (1970) De buorskip (diel 1: Ien wike útbuorren) (1970) De bêste simmer : ferhalen (1970) De toartels (diel 2: Ien wike útbuorren) (1971)

Keppelings om utens G.R. Zondergeld, 'Kiestra, Douwe (Hermans) (1899-1970)', yn: Biografisch Woordenboek van Nederland 4 (1994) Biografy by Inghist.nl

Kategory:Frysk boer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk politikus Kategory:Lid fan de NSB Kategory:Lid fan de SS Kategory:Frysk faksist Kategory:Persoan feroardiele foar lânferrie Kategory:Persoan berne yn Poppenwier Kategory:Persoan stoarn yn Raard Kategory:Persoan berne yn 1899 Kategory:Persoan stoarn yn 1970