Josip Brodsky (Russysk: Ио́сиф Алекса́ндрович Бро́дский) (Leningrad, 24 maaie 1940 - New York, 28 jannewaris 1996) wie in fan oarsprong Russysk dichter.
Nei't er ferskate kearen nei Sibearje ferballe west wie is Brodsky nei de Feriene Steaten emigrearre. Yn 1987 krige er de Nobelpriis foar de Literatuer. Hoewol't syn poëzij dêrnei ek wer yn Ruslân útbrocht waard, woe Brodsky net werom nei syn heitelân, ek net nei de delfal fan it kommunisme.
Hy spilet in rol yn in roman fan syn freon Sergej Dovlatov: 'Net allinnich Brodsky' (Не только Бродский: Русская культура в портретах и анекдотах). thumb|Grêf fan Josef Brodsky op it eilân San Michele by Fenetië
Nederlânske útjeften Der is mar in part fan Brodsky's wurk yn it Nederlânsk oerset. Torso (gedichten; oers. Charles B. Timmer), 1987 Tussen iemand en niemand (essays; oers. Frans Kellendonk en Kees Verheul), 1987 Herfstkreet van de havik. Gedichten 1961-1986 (gedichten; oers. Kees Verheul, Jan Robert Braat et al.), 1989 Loflied op Clio. Huizingalezing 1991 (essay; oers. René Kurpershoek), 1991 Kade der ongeneeslijken (essay; oers. Sjaak Commandeur), 1992 Kerstgedichten (gedichten; oerset. Peter Zeeman), 1994 Triton, Gedichten 1985-1994 (gedichten; oers. Peter Zeeman), 1996 Ex Ponto. Gedichten 1961-1996 (gedichten; oers. Peter Zeeman), 2000
Keppeling om utens biografy Brodsky 21 Ingelske gedichten fan Brodsky Joseph Brodsky–Biography op Nobelprize.org
Kategory:Amerikaansk dichter Kategory:Russysk dichter Kategory:Winner fan de Nobelpriis foar de Literatuer Kategory:Russysk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Joadsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Russysk-Joadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1940 Kategory:Persoan stoarn yn 1996