De kriichshannelings dy't it ferrin fan de Earste Wrâldkriich foarmen kinne neier beskreaun wurde:

Begjin Yn de rin fan 1914 seagen de minsken fan regearingskringen yn Jeropa de katastrofe tichteby kommen, benammen nei't op 28 juny de Eastenrykske aartshartoch Frans Ferdinand fermoarde wie troch de Servjer Gavrilo Princip. De Donau-monargy Eastenryk-Hongarije wist him stipe troch it machtige Dútske keizerryk en seach einlik in oanlieding om Servje te anneksearjen. Yn Dútslân gou it dat Dútslân syn bûngenoatskiplike ferplichtings neikomme soe. Neffens de stimming yn Ruslân wie it lykwols sa dat Ruslân yn it Eastenryksk-Servyske konflikt net wurkleas tasjen koe. Perslot hie Ruslân Servje al twa kear earder sitte litten, dat dat koe net wer. Op 28 july ferklearre Eastenryk-Hongarije de oarloch oan Servje. In dei letter bombardearren de legers fan de dûbelmonargy Belgrado. Dêrmei wie in nije oarloch yn Jeropa in feit wurden.

Sniebaleffekt It 'sniebaleffekt’ yn koart bestek: Op 30 juny mobilisearre Ruslân, beskermer fan Servje. In dei letter folge op in Dútsk ultimatum om dy mobilisaasje yn te lûken gjin antwurd út Sint-Petersburch, wêrnei’t Dútslân daliks de mobilisaasje ôfkundige en op 1 augustus Ruslân de oarloch ferklearre. Dat wie de oanlieding foar Ruslâns bûngenoat tsjin Dútsklân, Frankryk, om ek te mobilisearjen. Dútslân ferklearre Frankryk de oarloch en begûn mei it útfieren fan it Von Schlieffenplan – it wie yntiden 3 augustus. De opmars troch Belgje wie de dan wer de casus belli dy't Grut-Brittanje, dat ferklearre hie dat it boarch stie foar de neutraliteit fan Belgje, brûke koe doe't it besletten hie dat it foar de Britske ekonomy better wie om Dútsklân tsjin te wurkjen. Yn ien wike tiids wienen hast alle Jeropeeske grutmachten mei inoar yn oarloch.

Belgyske flechtlingen Nei de Dútske ynfal flechtsje miljoenen Belgen. Hûnderttûzenen gienen oer Oostende en Zeebrugge nei Ingelân. Likefolle lutsen fierder nei Frankryk. Mear as 1 miljoen flechtlingen gienen nei Nederlân. Under dizze flechtlingen wienen ek in 35.000 militêren, dy’t ynterneard waarden. Tûzenen “motivearden” fan harren soenen ûntsnappe om fia Grut-Brittanje en Frankryk op’en nij mei te fjochtsjen yn de oarloch.

It grutste diel fan de boargerflechtlingen kaam foar de ein fan it jier wer thús. Mear as 100.000 Belgen bleaunen lykwols yn Nederlân. Fan dizze groep waarden dejingen dy’t net foar harsels soargje koenen (ûngefear 20.000) ûnderbrocht yn flechtoarden yn Gouda, Uden, Nunspeet en Ede dy’t ûnder tafersjoch stienen fan de Nederlânske oerheid, en wêr’t de Belgen oan de ein fan de oarloch ta yn goede omstannichheden húsfeste waarden. Ynspeksjes fan it yntenasjonale Reade Krús fan Switserlân,hawwe dit meardere kearen útwiisd.

De flechtlingen yn Grut-Brittanje stiften werklik hiele Belgyske koloanjes mei oalles der op en der oan. Typearjend binne de katolike tsjerken en mienskippen yn in oer it generaal protestantsk lân. Folle tûzenen Belgyske bern sille harren earste of plechtige kommuny yn Grut-Brittanje dwaan. It Belgyske libben gie dêr gewoan troch. De flechte Belgen dy’t net nei it front moasten, gienen oan it wurk yn harren gastlân.

Yn it hiele Britske Ryk en yn in bulte neutrale lannen waarden ynsamlings hâlden om de earme Belgen te helpen. Frouljusorganisaasjes yn Austraalje, Nij-Seelân en Kanada samlen jild yn foar de Belgen. Se bakten keek dy’t se op’e merk ferkochten, wylst harren manlju en soannen by boskjes sneuvelen yn Flaanderen.

De neutrale Skandinavyske lannen dienen itselde, krektas de Noard- en Súd-Amerikanen. De Deenske regearing bygelyks, betelle alle kosten foar ien fan de flechtlingenkampen yn Nederlân.

Nei de oarloch sille de meast foaroansteande universiteiten noch in grutte ynsamling hâlde, om de universiteitsbibliotheek fan Leuven wer op te bouwen. Yn maaie 1940 dienen de Dútsers spitigernôch harren ferneatigjende wurk nochris oer.

Earm, lyts, dapper Belgje Belgje hâlde him oan de ôfspraak om neutraal te bliuwen en de Dútsers net troch te litten.

Op 25 augustus hawwe Dútske troepen, by in strafekspedysje tsjin de stêd Leuven, 218 boargers fermoarde en de stêd foar in part platbaarnd. Fan de likernôch seistûzen huzen binne der 2117 yn de jiske lein. De universiteitsbibleteek is ek opbrând. In kwart miljoen boeken, wêrûnder tûzenen ûnferfangbere midsiuwske manuskripten giene ferlern.

De Dútsers beslisten ta de ôfgryslike represaille neidat se, nei eigen sizzen, troch boargers besketten waarden. Foar grouwélige ferjildingsmaatregels wie dat argumint al mear oanfierd. Yn totaal binne by de ferovering fan Belgje mear mear as 5.000 boargers deade, wêrûnder froulju en bern. It is dan ek te begripen dat de Britske propaganda oan de Dutske wredens in fette klobbe hie. De Dútsers waarden foarsteld as “Hunnen mei pinhelmen”, barbaren út it easten. It Britske Ryk soe it as in hillige plicht sjen, it lytse Belgje by te stean. De werklike grûn foar ynminging yn de Dútske striid wie lykwols proazaysker: It Britske regear besleat dat Dútslân ekonomysk tefolle profijt hawwe koe fan de kriich, en dat der dêrom yngrypt wurde moast.

De 'leffe en barbaarske dieden' soargen foar in massale rekrutearring op frijwillige basis yn it Britske Ryk. Nije manskippen ronselen om it útinoar sketten beropsleger oan te foljen wie yn it earstoan gjin probleem. Yn 1914 wie it Britske Ryk noch hiel wat grutter as it hjoeddeiske Feriene Keninkryk. It hie doe noch in soad koloanjes, protektoraten en semy-ûnôfhinklike gebieten, dêr’t út rekrutearre wurde koe.

Massale rekrutearren It gemak, de omfang en het entûsjasme dêr’t dat (yn it earstoan) mei gie, wekt op syn minst fernuvering. Ut alle kontininten koenen se manskippen werve foar "it grutste aventoer" dat jonge manlju leverje koenen. Soks wie benammen yn it Britske Ryk opmerklik, omt dêr (noch) gjin tsjinstplicht wie.

De drang nei aventoer sil grif ien fan de belangrykste driuwfearren west ha yn in tiid dat men it gefoel hie him bot te ferfelen, wylst de echte wrâld earne oars lei. By de befolking hearske noch in romantisearre byld fan de oarloch. De sosjale druk om mei te dwaan, mei perfoarst net ûnderskatten wurde. Ronselers sprutsen harren ta yn de fabriken, skoallen, yn ‘t tsjerke en op merkepleinen. Wa’t net meidie soe der letter "net mear by hearre". Wegerders krigen wite fearren fan harren faam, symboal foar leffens (de ferkearing wie hjirmei daliks út). Men fûn ek dat men yn ruil foar de sterk ferbettere sosjale regels, bêst “wat werom dwaan koe”. Wa’t wegere waard mei de nekke oansjoen en bytiden ek wol ûntslein.

Boeresoannen út Austraalje en Nij Seelân, dêr’t de jiermerk yn de doarpen it hichtepunt fan it jier wie, dreamden fan in prachtich unifoarm en Frânske fammen. Hja sille mei-inoar de Anzac-ienheden foarmje en tegearre stjerre oan in tempo dat folle heger lei as dat fan de Britten. 18.000 Nij-Seelanners op 110.000 en 59.000 Austraaljers fan de ûngefear 300.000 frijwilligers. Se krigen faak de meast hopeleaze opdrachten mar droegen it aureoal fan dappere mar rokkeleaze soldaten dy’t wiis wiene mei harren imago

Jonge fabryksarbeiders en mynwurkers út Skotlân, Wales en Ingeland seagen in útstapke nei Parys ek wol sitten (sa tochten harren Dútske tsjinstanners der trouwens ek oer). Yn Kanada wie it earste foaropstelde kontingint fan 20.000 man daliks folsetten. 430.000 soenen noch folgje. Yn totaal soenen der 60.000 Kanadezen sneuvelje.

Tûzenen Amerikanen út de noch neutrale USA, melden harren yn Kanada, yn de earste wiken fan de oarloch. Wol 5000 Amerikanen, allegearre út Texas. In rike "mecenas" bekostige de útrissing foar in hiel rezjimint (de Princess Patricia's Light Infantry).

Undanks it konflikt tusken Ingelsken en Ieren mei in soad folksopstannen, behindere it net dat der neist protestantske Ieren dy’t de Ingelsken wol goedwillich wienen, tsientûzenen katolike Ieren harren oanmelden foar it Britske beropsleger. Der soenen fan de 200.000 Ierske frijwilligers yn it Britske leger, úteinlik sawat 30.000 Ieren sneuvelje.

De Ingelsken seagen de Ieren (krekt as trouwens de Skotten) as “woaste krigers” dy’t mits de “krekte” lieding troch benammen Ingelske ofsieren, goed fan pas kamen by party koloniale konflikten, wylst Ieren en Skotten it leger seagen as harren breahear dy’t boppedat ek noch “aventoer” op ”eksoatyske plakken’’ yn it foarútsjoch stelde.

Nuveraardich wie de bydrage fan de “Súd-Afrikaners”. Se hienen noch mar krekt tsien jier bluodderige oarloch efter de rêch mei de Britten en no wienen se al bûnsmaten tsjin in fijân dy’t se allinnich fan hearren sizzen koenen.

Britske “kleurde” koloniale troepen út Aazje en sels Jamaika waarden mei dubieuze beloften nei Jeropa dirigearre. Mar dy’t fanwege it klimaat al ridlik gau fan it front weromlutsen waarden, om yn waarmere gebieten ynsetten te wurden.

Al mei al waard de oarloch beskôge as eat dat de nasjonale en ynternasjonale ferhâldings rjochtsette soe, de geast fan de jongerein suverje soe, harren opfiede soe en echte manlju fan harren meitsje soe. Boppedat ferwachte men “wer thús te wêzen as de blêden falle”.

Rinfuorgestriid

It Dútske opperbefel hie in kriichsplan klear dat harren rêdde moast at Frankryk en Ruslân harren yn de tange nimme soenen, it Von Schlieffenplan. Doe't dat 3 augustus útfierd waard, en de Dútske legers Belge binnenfoelen, ferklearre Grut-Brittanje lykwols dat it hâlden wie om Belgje by te staan. Grut-Brittanje fierde dêrfoar it Ferdrach fan Londen op, it ferdrach dat de skieding regele fan Nederlân en Belgje, dêr't yn stie dat Belgje neutraal bliuwe moast. De Britkse polityk lei dat no út as stie der dat Belgje neutraal litten wurde moast.

De Dútske legers marsjearden troch Belgje en Noard-Frankryk. Se teagen op oant flakby Parys, hoewol’t dizze stêd net it doelwyt wie fan de oanfal. De Frânsken fierden ûnderwilens yn de Elzas in oanfal út neffens harren eigen Plan XVII en waarden bloedich ôfslein. Massa's ynfantery teagen op oan de Dútske rinfuorgen ta, wêr’t se lykwols delsjitten waarden mei mitrailleurs. Mei harren felblau-felreade unifoarmen foarmen hja libbene sjitskiven.

De siselfoarmige opmars fan de Dútsers troch Belgje en Noard-Frankryk like yn it earstoan aardich neffens plan te ferrinnen. Luik en de sirkel fan ûnbidige forten deromhinne waarden binnen in pear dagen beset, en yn de Slach om de Grinzen waard de Britske BEF (British Expeditionary Forces) ferslein. De Dútsers teagen op oan de rivier de Marne ta, wêr’t de Frânsken besochten har op te kearen. De Frânsken kleemden de oerwinning mar neffens in soad historisy waard de Slach by de Marne, as der al in winner wie, earder troch de Dútsers as troch de Frânsken wûn. De nerveuze Generale Stêf, dy’t earder al lytse ôfwikings fan it plan konstatearre hie, besleat lykwols it Dútske leger weromlûke te litten op Chemin des Dames. It front groeide troch omlûkende bewegings fan beide partijen nei it westen oant de Noardseekust, (de Rees nei de See).

Mei útsûndering fan Spanje en Skandinavyske lannen, Switserlân en Nederlân, waarden úteinlik alle Jeropeeske lannen by de Earste Wrâldkriich belutsen. Algemien waard ferwachte dat it in koarte oarloch wurde soe. Wer thús as de blêden falle, waard in soad sein. Mar it waard in net earder meimakke lange en wrede oarloch wêrfan’t de fronten al oardel moanne letter fêstleinen. Wat folge wie in sinleaze Rinfuorgestriid dy’t miljoenen slachtoffers koste. Op ien slachfjild lykas by de Slach by Ferdun of oan de Slach oan de Somme mear deaden en ferwûnen as by alle fjildslaggen fan de iuw dêrfoar mei-inoar (by de Somme 600.000 alliearden en 750.000 Dútsers).

Tige stadich seagen de militêre befelhawwers yn dat yn dizze oarloch, dêr’t se de oanfal as ienige wei yn seagen, ferdigeners altyd yn it foardiel wienen. Oanfallers sneuvelen by boskjes trochdat snelfjoer en granaatbombardeminten de âlde gefjochts- en wapentechnyk hopeleas âlderwetsk makke hienen.

De grutte slaggen oan it Westfront wienen: