right|thumb|Aleksander Pûsjkin troch Orest Kiprensky Aleksander Pûsjkin, folút Aleksander Sergejevitsj Pûsjkin (Russysk: Александр Сергеевич Пушкин; 6 juny 1799, Moskou – 10 febrewaris 1837, Sint-Petersburch, of 26 maaie 1799 – 29 jannewaris 1837 neffens de Juliaanske kalinder) wie in Russysk dichter.
Status Pûsjkin wurdt algemien beskôge as de grutste Russyske dichter, en ek as ìèn fan de grutste dichters út de wrâldliteratuer. Mei oare grutte Russyske skriuwers, as Michail Lermontov, Nikolaj Gogol, Ivan Toergenjev, Fjodor Tjoettsjev, Fjodor Dostojevski, Lev Tolstoj en Anton Tsjechov heart Pûsjkin ta de saneamde 'gouden iuw' fan de Russyske literatuer.
Hy wurdt noch hieltyd in protte lêzen. Fan jongs ôf krije bern syn poëzij yn Russyske mearkes en letter lêze sy him om syn floeiende, skitterjende, muzikale taal. Oersetters hawwe it dreech om dat goed oer te bringen.
Neist wiidweidige lyryk mei in soad leafdes- en oare gedichten, lykas 'Ik haw' dy leaf', 'Nacht', 'Winterjûn' en 'Hjerst', hat Pûsjkin ek proaza neilitten lykas 'Skoppenfrou', 'De skiednis fan Poegatsjov' en 'De kapteinsdochter'.
Neitins thumb|right|Rûbel mei Pûsjkin's byltenis. Pûsjkin (Russysk: Пушкин) is in stêd súdlik fan Sint-Petersburch neamd nei de skriuwer.Offisjele webstee fan de stêd '2208 Pûsjkin' is in astroïde, ûntdutsen yn 1977 troch de astronoom Nikolai Chernykh. In krater op de planeet Merkurius hat syn namme ek krigen.
Sjoch ek Russyske skriuwers.
Keppeling om utens Short biography of Pushkin by Caryl Emerson Pushkin's biography Pushkin's gedichten Pushkin's most lyrical poem "The hills of Georgia..." ("На холмах Грузии...") oerset troch Dina Belyayeva Kompleet wurk - FEB-web's Digitale wittenskiplike útjefte troch A.S. Pushkin Books by Aleksandr Pushkin, eBooks
Literatuer - Russyske letterkunde. Oersjoch fan de wichtichste skriuwers en streamingen fan Pûsjkin oant Soltsjenitsjin, 1988. - Geschiedenis van de Russische literatuur, fan Vladimir de Hillige oant Anton Tsjechov, 1985.
Kategory:Russysk dichter Kategory:Russysk romanskriuwer Kategory:Russysk skriuwer yn it Frânsk Kategory:Russysk oersetter Kategory:Russyske adel Kategory:Russysk frijmitselder Kategory:Persoan dy't omkommen is by in duël Kategory:Russysk persoan fan Afrikaansk komôf Kategory:Russysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Russysk persoan fan Sweedsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1799 Kategory:Persoan stoarn yn 1837