thumb|right|Nikolaj Karamsin Nikolaj Karamzin, folút Nikolaj Michajlovitsj Karamzin (Russysk: Никола́й Миха́йлович Карамзи́н, 1 (12) desimber 1766, Michajlovka – 22 maaie (3 juny) 1826, Sint-Petersburch) wie in Russysk skriuwer, kritikus en histoarikus.
Ynfloed Karamzin hat as skriuwer in protte ynfloed hân op de Russyske taal, om't er tal fan âld-Slavyske foarmen út it Russysk helle en nije, faak oan westerske talen ûntliende, wurden, dêr foar yn it plak brûkte. Hy yntrodusearre it sentimintalisme yn Ruslân.
Skiedkundige As skiedkundige besocht er op in wittenskiplike en metoadyske wize te wurkjen yn pleats fan, sa't faak wenst wie, allinnich kroniken oer it barren yn in beskate tiid te sammeljen. Fan 1808 oant 1818 wurke er oan syn 'Skiednis fan de Russyske steat'. Hy ferdigene de autokrasy en feroardiele de Frânske Revolúsje. Dochs wie er wol in liberaal tinker yn it doetiidsk Ruslân.
Neitins De asteroïde 3719 Karamzin, ûntdutsen troch de astronoom Lyudmila Chernykh yn 1976, is nei him neamd.
Wurk In ûnfolsleine list fan syn wurk: De earme Liza, 1792 Brieven fan in Russysk reizger. Oer syn reizen troch Dútslân, Frankryk, Switserlân en Ingelân. 1791-1792 Aglaia, ferhalen, 2 dielen, 1794 It Panteon, samling fan priuwkes fan wurk fan bekende skriuwers oerset yn it Russysk Twa oades op tsaar Aleksander I, 1801 Skiednis fan de Russyske steat. 12 dielen, 1818-1822.
Sjoch ek Russyske skriuwers
Keppelings om utens Karamzin's skiednis fan de Russyske steat Karamzin. Fers
Kategory:Russysk skiedkundige Kategory:Russysk publisist Kategory:Russysk oersetter Kategory:Russysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Russysk dichter Kategory:Russysk toanielskriuwer Kategory:Russysk kritikus Kategory:Russysk konservatyf Kategory:Persoan berne yn 1766 Kategory:Persoan stoarn yn 1826