thumb|right|200px|Petrus Augustus de Génestet Petrus Augustus de Génestet (Amsterdam, 21 novimber 1829 – Rozendaal, 2 july 1861) wie in Nederlânsk dichter en teolooch.

Libben Petrus Augustus de Génestet ferlear syn âlden doe't er noch jong wie. Hy waard opnaam yn de hûshâlding fa syn omke en fâd, de skilder Jan Adam Kruseman. Oan it Amsterdamske Ateneum en it Seminarium fan de Remonstrantske Bruorskip waard er ta predikant foarme. Yn maart 1852 waard er dûmny te Moordrecht en yn desimber fan itselde jier yn Delft, de stêd dêr't no noch de nei him neamde Genestettsjerke stiet. Yn 1852 troude er ek mei Henriette Bienfait. Se krigen twa bern.

Yn 1859 stoaren syn frou en ien fan de bern oan TBC en moast er fanwege syn minne sûnens it amt fan predikant dellizze. Hy festige him doe yn Amsterdam, mar brocht de simmers meast troch yn Bloemendaal. Al twa jier letter, yn1861, stoar hy ek oan de gefolgen fan TBC yn Rozendaal.

Bernard ter Haar dichte nei syn dea de rousang "Op het Kerkhof te Roozendaal". Ter Haar waard dêr letter ek begroeven, lykas Willem Hofdijk. Conrad Busken Huet wie de sprekker by de ûntbleating fan it betinkteken fan de Génestet yn 1862.

Wurk De Génestet wie populêr, wat foaral te tankje wie oan syn koartswilige en gefoelige gedichten, dy't ek tagonklik wiene foar in breed publyk. Fierders wie ek godstsjinst in wichtich tema yn syn wurk. De Génestet wie frijsinnich-protestant; dêrby naam er fûl stelling tsjin oerflakkige frijsinnichheid én al te grutte ûnferdraachsumens. Mei Nicolaas Beets wurdt er sjoen as ien fan de Nederlânske neifolgers fan it Byronisme.

Yn syn koarte libben - hy is mar 31 wurden - hat er mar in lyts tal gedichten skriuwe kind, dy't nei syn dea bondele útjûn binne mei de titel "Dichtwerken".

Twa foarbylden út it wurk fan De Génestet:

SOORTEN. Sprekers, hoorders, denkers, daders Vindt ge in soorten rijp en groen. Zeldzaam vindt ge wel verenigd Spreken, hooren, denken, doen.

BLADVULLING. Een bladvulling wilt gij gaan schrijven, Hier voor dit slecht gevulde blad?... Och ~ 'k zou het maar wit laten blijven! Daar wordt genoeg papier beklad.

Bibliografy 1848 - Fantasio. Een gedicht der jeugd 1850 - Ten feest 1852 - Eerste gedichten 1856 - In memoriam. Een gedicht ter nagedachtenis van Abraham Des Amorie van der Hoeven 1858 - Over kinderpoëzy (eene voorlezing, gehouden te Rotterdam in de Hollandsche Maatschappij van Fraaije Kunsten en Wetenschappen) 1859 - Mme de la Vallière 1860 - Leekedichtjens. Rijmen en dichten zoo oude als nieuwe 1861 - Laatste der eerste. Verspreide gedichten 1863 - Voor hoofd en hart. Proza en poezy, ontleend aan den Christelijken Volks-almanak. Bijeenverzameld door P.A. de Génestet, C.P. Tiele, E. Laurillard 1869 - De dichtwerken van P. A. de Génestet, verzameld en uitgegeven onder toezicht van C. P. Tiele Eerste deel Tweede deel 1877 - Een twaalfjarige dichter. Drie gedichten van P. A. de Génestet op twaalfjarigen leeftijd vervaardigd

Keppeling om utens Biografyen, folsleine tekst fan al syn wurken, útjeften, primêre en sekundêre literatuer by de DBNL Koninklijke Bibliotheek – profyl De Génestet

Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk teolooch Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk persoan fan Hugenoatsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1829 Kategory:Persoan stoarn yn 1861