Monosachariden (inkeldsûkers) binne de ienfâldichste koalhydraten. It binne aldehyd-alkohoalen en keton-alkohoalen mei trije oant seis koalstofatomen. Sûkers mei trije koalstofatomen wurden trioazen neamd, dy mei 4,5 en 6 binne tetroazen, pentoazen en heksoazen.

De fjouwer ferneamdste monosachariden:

Aldoaze of Ketoaze De monomeare basissûkers hawwe ien keatling fan 3,4,5,6 of 7 koalstofatomen dy't op ien nei allegear in hydroksylkloft drage. It oerbleaune koalstofatoom foarmet in karbonylkloft. As de karbonylkloft oan it earste koalstofatoom yn de keatling sit, is it in aldoaze (neamd nei aldehyde), as ien fan de oare koalstofatomen de karbonylkloft draacht is it in ketoaze (neamd nei keton).

100px|Aldoaze sûker 100px|Ketoaze sûkerIn aldoaze sûker mei 5 koalstofatomen(aldo-pentoaze).In ketoaze sûker mei 6 koalstofatomen(keto-heksoaze). Yn dizze werjefte fan sûkermolekulen, de Fischer-projeksje, binne de H en OH kloften sa oanjûn, dat stereo-isomearen yn it platte flak maklik wer te kennen binne.

Alfabetyske list fan monosachariden

Alloaze Altroaze Arabinoaze Dihydroksyaseton Erytroaze Erytruloaze Fruktoaze Galaktoaze Glukoaze Glyseraldehyde Guloaze Ksiluloaze Ksyloaze Lyksoaze Mannoaze Psikoaze Riboaze Ribuloaze Sorboaze Tagatoaze Taloaze Treoaze Ydoaze

Tabel fan monosachariden

Sorteare op tal koalstofatomen en gemyske eigenskippen: aldoazeketoaze trioazeglyseraldehydedihydroksyaseton tetroazeerytroazetreoazeerytruloaze pentoazearabinoazelyksoazeksyloazeriboazeksiluloazeribuloaze heksoazealloazealtroazegalaktoazeglukoazeguloazemannoazetaloazeydoazefruktoazepsikoazesorboazetagatoaze

Keppeling om utens

Kategory:Skiekunde