Feite de Jager (Harns, 11 novimber 1915 - dêre, 6 maart 2007) wie in keatser.Berte-akte, AlleFriezenIn memoriam: Feite de Jager 1915-2007, Kaatsen.nl, 8 maart 2007
Yn 1931 helle Feite de Jager syn earste grutte súkses mei it winnen fan de Freulepartij mei Bauke van Seijst en Sjoerd van der Meer. Dêrnei wûn hy noch twaris de Jong Nederlânpartij yn 1935 en 1936. Hy wûn yn 1940 de PC mei Lou Seerden en Marten van der Hem. Twa jier letter wie er opnij winner, diskear mei Jan Rodenhuis en Frans Helfrich.
Nei de oarloch waard Feite yn 1946 noch in kear twadde op de Bond. De banketbakker en lettere fiskhanneler keatste fan 1936 oant en mei 1946 en helle sadwaande 103 punten yn it ivich keatsklassemint.
Prizen 1931 - Freulepartij 1e priis 1934 - Jong Nederlân 3e priis 1935 - Jong Nederlân 1e priis 1936 - Jong Nederlân 1e priis 1946 - de Bond 2e priis 1940 - PC 1e priis 1941 - PC 4e priis 1942 - PC 1e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:Persoan berne yn Harns Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1915 Kategory:Persoan stoarn yn 2007