Kurasau (Papiamintsk: Kòrsou) is in lân binnen it Keninkryk fan de Nederlannen. It wie it grutste eilân fan de eardere Nederlânske Antillen. It grutste plak op it eilân,en ek de haadstêd, is Willemstêd. Kurasau hie yn 2008 mear as 140.000 ynwenners.
It eilân is ek nammejouwer foar de Kurasau-likeur, dy't fan oarsprong makke wurdt op it Karibyske eilân.
Geografy Kurasau is in tropysk eilân, dat yn it súdlike diel fan de Karibyske see leit. It foarmet mei Bonêre en Arûba, ABC-eilannen, dy't wer part binne fan de Underwynske Antillen en dêrmei fan de Lytse Antillen. Kurasau is fan dy trije eilannen it grutste. As lân bestiet Kurasau út it eilân Kurasau en it eilân Lyts Kurasau, dat 10 kilometer fierder nei it easten leit. It heechste punt is de Sint Kristoffelberch mei 375 meter. It eilân bestiet út koraalkalk en fulkanysk stiente.
Kurasau hat seis natuerlike havens, ûntstien trochdat de see de koraalkalk útholle hat. Oan de súdwestkant leit de grutste dêrfan, it Skottegat, de haven fan Willemstêd. Der wurdt wol sein dat dit de grutste natuerlike haven fan de wrâld is. Om it Skottegat hinne lizze it grutste drûchdok en de grutste oaljeraffinaderij yn de regio, in kontenerterminal, werven foar fracht- en oanlisplakken foar toeristeskippen. It Skottegat wurdt berikt middels de Sint Annabaai.
Oan wjerskanten hjirfan lizze de beide stedsdielen fan Willemstêd: yn it easten it âldste part: Punda ('De Punt') mei in soad winkeltsjes en yn it westen de wyk Otrobanda (Papiamintsk: De Oare kant). Hjirtusken leit sûnt 1888 in houten pontsjebrêge, de Keninginne Emmabrêge. Oan de De Ruyterkaai is er in libbene 'driuwende merk' dêr't meast Fenezolanen út harren boatsjes wei negoasje oanbiede oan klanten op de kaai. thumb|In kontenerskip ferlit de haven fan Kurasau thumb|right|Keninginne Emmabrêge, pontsjebrêge fan Willemstêd thumb|right|Toerisme is in grutte ynkomstenboarne wurden: swimbad Marriott Hotel Kurasau thumb|right|Harsenskoraal thumb|right|Flamingo's yn it natoergebiet by Sint Willibordus thumb|right|Dûke op Kurasau right|thumb|Handelskade yn Willemstêd, Kurasau
Plakken De haadstêd is Willemstêd. Yn de rin fan de tiid is dy stêd útwaakst oant er de hiele kust fan Skottegat omfieme. Dêrtroch binne in soad doarpkes dy't earst los leinen oan elkoar fêstgroeid ta ien ferstêdlike gebiet. De stêd beslaat sawat in tredde fan it hiele eilân yn it easten. De bekendste wiken fan Willemstêd binne: Punda, it histoaryske stedssintrum mei de Hannelskaai oan de Sint Annabaai Otrobanda, leit oan de oare kant fan de Sint Annabaai Julianadoarp, ± 1928 yn opdracht fan Shell boud foar har personiel Salinja, leit tsjin Punda oan en hat in soad winkels en restaurants
Oare plakken op it eilân ten westen fan Willemstêd binne: Westpunt Barber Soto Sint Willibrordus Sint-Michiel (Boca Sami) Grutte Berch Tera Cora Lagun
Klimaat It klimaat fan Kurasau is semi-aride; de gemiddelde reinfal bedraacht jierliks 553 mm. De measte rein falt tusken oktober en jannewaris, it reinseizoen. De temperatueren binne relatyf konstant mei lytse ferskillen troch it jier hinne. De passaatwinen bringe oerdei ferkuolling en deselde passaatwiden bringe nachts warmte. De jiergemiddelde temperatuer is oerdei 31.2 °C en nachts 25.6 °C. De kâldste moanne is jannewaris mei in gemiddelde temperatuer fan 26,5 °C en de warmste moanne is septimber mei in gemiddelde temperatuer fan 28,9 °C. De heechste temperatuer oait mjitten wie 38,3 °C en de leechste oait wie 20,3 °C. It orkaanseizoen rint fan juny o/m novimber. It eilân wurdt jierliks oandien troch tropyske stoarmen of orkanen. De lêste tropyske stoarmen/orkanen dy't ticht lâns it eilân kamen wienen û.o. yn 1988, Cesar yn 1996, Feliks yn 2007 en Omar yn 2008. De fegetaasje fan de kunuku bestiet benammen út ferskate soarten kaktussen, leech strewelleguod en lege beammen. De dividivi is ien fan de bekendste beammen. Aloësoarten en agaves komme yn ferwyldere foarm foar. Dêrneist groeie der ferskate krûden en kommme der ek orchideeën foar.
Skiednis
Lykas op de oare Antillen, wennen op Kurasau ynearsten Arowakken, in Yndianefolk dat earder hiel Midden-Amearika befolke hat. Yn 1499 waard it eilân troch de Spanjert Alonso de Ojeda ûntdekke. De yndianebefolking waard yn 1515 sawat folslein weifierd nei Hispanjola. De Spanjerts festigjen harren op it eilân yn 1527. Yn 1634 waarden sy troch de West-Ynjyske Kompany ferdreaun.
Kurasau waard yn 1713 koarte tiid beset troch de Frânske boekanier Jaques Cassard, dy't him ôfkeape lit. Yn 1800 waard Kurasau troch de Ingelsen oermastere, dy't yn 1803 troch de pleatslike befolking ferdreaun waarden. Yn 1807 oermasteren de Ingelsen it eilân op 'e nij. Yn 1816 kearde Kurasau ûnder Nederlânsk bewâld.
Kurasau waard, as ûnderdiel fan de Nederlânske Antillen, in autonoom ûnderdiel fan it Keninkryk fan de Nederlannen mei de ûndertekening fan it Statuut foar it Keninkryk op 15 desimber 1954. It Keninkryk bestie doe út Nederlân, de Nederlânske Antillen en Suriname. Suriname waard op 25 novimber 1975 selsstannich.
Demografy Befolking Kurasau hat sa'n 140.000 ynwenners dy't ta ferskate befolkingsgroepen hearre. De mearderheid is Kreoal. Dêrneist binne der ek minderheden fan Europeeske Nederlanners, Sinezen, Libanezen, Portegezen, Surinamers, Fenezolanen, Britsk West-Ynjers, Dominikanen, Haïtianen en Kolombianen. Der wennen yn 2006 102 ferskillende nasjonaliteiten op it eilân.
Taal Nederlânsk wie lang de ienige offisjele taal, mar sûnt 2007 binne Papiamintsk en Nederlânsk beide offisjele talen. Papiamintsk is ek memmetaal foar de measte lânseigen Kurasauers. Neist dizze talen sprekt men ek Spaansk en Ingelsk. Fierwei de measte Kurasauwers behearskje alle dy talen min ofte mear, mar der binne ek bûtenlanners dy't oare talen sprekke, lykas Frânsk, Arabysk, Haïtiaansk, Portegeesk en ek wol Sineesk. Neffens de folkstelling fan 2001 sprekt op Kurasau 81% Papiamintsk as hústaal, 8% sprekt thús Nederlânsk, 6% Spaansk, 3% Ingelsk en 2% in oare taal.
Religy By de folkstelling fan 2001 wie 80,1% fan de Kurasauske befolking roomsk. Oare grutte godstsjinstige genoatskippen binne de protestantske tsjerke (3,6%), de pinkstergemeenten (3,5%), de sândedeisadvintisten (2,2%), Jehova's tsjûgen (1,7%) en de Joadske gemeente (0,8%). 4,6% fan de befolking joech oan gjin godstsjinst oan te hingjen.
Namme Oer de oarsprong fan de namme Kurasau bestean ferskillende teoryen. In gongbere ferklearring is dat it ôflaat is fan it Portegeeske wurd foar 'hert' (coração), wat ferwize soe nei it eilân as in sintrum fan hannel. Dit waard dan troch Spanjerts oernomd as Curaçao, wat folge waard troch de Nederlanners. Nei útspraak stavere is it dan Kurasau. In oare útlis is dat Curaçao besibbe wie mei de namme dy't oarspronklike bewenners brûkten om harsels mei oan te tsjutten (Joubert en Van Buurt, 1994). Dy teory wurdt stipe troch eardere Spaanske reisferslaggen, dy't de ynlanners oantsjutten as "Indios Curaçaos".
De namme "Curaçao" hat in assosjaasje krigen mei in spesifike blautint en wurdt soms brûkt as in adjektyf. It komôf dêrfan is in djipblauwe likeur mei de namme "Blue Curaçao".
It besjen wurdich Histoarysk sintrum fan Willemstêd Plantaazjehuzen Curaçao Sea Aquarium Grotten fan Hato Santa Barbara Beach Fort Beekenburg Fort Amsterdam Sint Annabaai Den Paradera krûdetún Boca Tabla Ferskate koraalriffen wêr't men dûke kin. Fort Nassau Strúsfûgelfarm Sâltpannen mei flamingo's yn Jan Kok Katedraal fan Pietermaai Synagoge (âldste fan it westlik healrûn) mei museum Maritym museum Kurasausk museum Dieretún Parke Tropikal
Natoer Yn it westen fan it eilân lizze twa natoergebieten: it gebiet om de Kristoffelberch, it Nasjonale park Kristoffelpark hjiroan fêst it Nasjonaal Park Shete Boka. Yn dit gebiet kommme seeskyldpodden. By Sint Willibrordus is in natoerreservaat dêr't flamingo's foarkomme.
Ekonomy It eilân hat in treflike ynfrastruktuer, dy't fier boppe dy fan de regio útstekt. Kurasau libbet begjin 21e iuw diels fan hannel, wêrûnder offshorehannel en de Frije Sône, oaljeraffinaazje en toerisme, dat benammen opkaam neidat de Feriene Steaten in boycot tsjin Kuba ynsteld hie. Ek aktiviteiten om de haven, lykas skipsreparaasje en konteneroerslach binne tige wichtich. It eilân hat in BNP per holle fan sa. US$ 18.000 en heart ta de wolfarrendste eilannen yn it Karrybysk gebiet. Libbensomstannichheden binne der goed, mei in sketten HDI-yndeks fan om de 0.890. De wolfeart is matich oant reedlik ferdield. Der is in tige rike en lytse toplaach, mar ek in frij grutte middenklasse en lege klasse. Nei skatting fertsjinnet de rykste 10% fan de befolking ± 30% fan it nasjonale ynkommen, wat fergelykber is mei lannen as Itaalje en de Feriene Steaten. It gemiddelde ynkommen per húshâlding op it eilân is ± ANG 3700,- yn de moanne (± 1600 EURO yn 2006).
Ekonomyske resesje yn de jierren njoggentich hat foar in grutte emigraasjeweach nei Nederlân soarge. Begin 21e iuw luts de ekonomy wer in bytsje oan en is der wat mear ymmigraasje es emigraasje. Benammen toerisme groeit sterk, mei 300.000 ferbliuwtoeristen yn 2007 (in nij rekôr). Der is in hege wurkleazens (sa. 12% yn 2007), benammen jeugdwurkleazens is in grut probleem.
Eveneminten Karnaval Kurasau Ynternasjonaal Jazz Festival Kurasau Dive Festival Kurasau Salsa Festival Sami Sail Amstel Kurasau Race
Sport Golf kin spile wurde by de Blue Bay Golf & Beach Resort (Plantaazje Blau) en by de Kurasau Golf & Squash Club. De populêrste sport op it eilân is honkbal en dêrnei fuotbal. Fierders wurdt der ek oan sporten dien lykas tennis, follybal, basketbal, hockey en in soad wettersporten.
Ferkear en ferfier Kurasau hat in loftahven (Curaçao International Airport, ek wol bekend as Fleanfjild Hato; foarhinne Dr. Albert Plesman Lofthaven). Sjoch Hato Airport.
Kurasau is goed mei de auto te ferkennen. Der is iepenbier ferfier mei bussen, de saneamde konvoi bussen foar de langere ôfstannen en de minibussen.
Media Kranten Karaïbyske útjefte fan de De Telegraaf (Nederlânsk) Antiljaansk Deiblêd (Nederlânsk) Amigoe (Nederlânsk) Ekstra (Papiaminto) Ultimo Noticia (Papiaminto) Vigilante (Papiaminto) Bala (Papiaminto) Bolletin (Papiaminto)
Radio en Telefyzje Inkele lokale radio-omroppen en telefyzje útstjoeringen binne yn it Nederlânsk. LineaRecta is de deiske aktualiteitenútstjoering fan de Wrâldomrop spesjaal foar de Antillen en Aruba.
Radiokanalen Dolfyn FM (Nederlânsk) Paradise FM (Nederlânsk) One FM (Nederlânsk) Radio Hoyer I (Papiaminto) Radio Hoyer II (Nederlânsk) Radio Nederland (Wrâldomrop Nederlân - Nederlânsk) Kórsou FM (Papiaminto) Top FM (Papiaminto) Radio Krioyo (Papiaminto) Mi 95 (Papiamentuo) Radio mas 99 (Papiaminto)
TV-kanalen
TeleCuraçao (Papiamento) TV11 (Bonêriaansk kanaal yn it Papiaminto, mar fêstige op Kurasau) BVN (Wrâldomrop Nederlân - Nederlânsk. Net frij te ûntfangen, mar TV11 fersoarget útstjoerings yn it reguliere útstjoerskema) Fenezolaanske kanalen (fergees) oare Amerikaanske kanalen (Oer satellyt, net fergees)
Polityk Kurasau makket as eilângebiet diel út fan de Nederlânske Antillen, dy't mei Nederlân en Arûba ta it Keninkryk fan de Nederlannen heart. Dit is fêstlein yn it Statút foar it Keninkryk fan de Nederlannen op 15 desimber 1954. It bestjoer fan it eilângebiet bestiet út in bestjoerskolleezje en in eilânsried, dy't elke fjouwer jier troch de befolking keazen wurdt.
Kurasau hat 14 sitten yn de 21 sitten tellende Steaten fan de Nederlânske Antillen.
Eilânried