De giele plomp (wittenskiplike namme: Nuphar lutea), ek dûker, eineblom, pompeblêd, plompeblêd of wetterplomp, is in algemien foarkommende wetterplant, dy't driuwende blêden hat en ta de wetterleeljefamylje (Nymphaeaceae) heart. De blêden fan de giele plomp wurde pompeblêden neamd. De plant groeit benammen yn marren, puollen en plassen mei in djipte oant trije meter. De plant wurdt meastal fûn yn ûndjipper wetter as de swanneblom.

Fersprieding De giele plomp ferspriedet him mei dikke fersprantele woartelstokken en mei sied. Ek soargje wetterfûgels wol foar de fersprieding fan de siedden, trochdat se de fruchten iepenhakke om de fiedselrike siedden te bemachtigjen. Faak bliuwe dan in inkele mei slym omjûne siedden oan de boarstelfearrren fan de snaffelhoeken sitten. Dy siedden wurde meidroegen en op oare plakken ôfstrutsen.

Dielen fan de plant Blêd Yn it earste jier hat de plant meast allinnich blêden dy't net boppe wetter komme. Pas yn it twadde jier binne donkergriene driuwblêden te sjen. De grutte blêden sitte mei stâlen ferspraat oan de woartelstokken dy’t yn de boaiem woartelje. In soad blêden hawwe in djip nier- oant hertfoarmich ynsniene foet en de râne fan de grutte blêden is geef. De driuwende blêden binne wat flakker as dy fan de besibbe swanneblom. De giele plomp hat ek ûnderdûkte blêden dy’t trochskinend binne.

Blom De twaslachtige giele blom komt yn de simmer boppe wetter. De bloeitiid is tusken maaie en augustus. De blommen stekke sa’n 10 sm boppe wetter út en binne oant 5 sm yn trochsneed.Flora van Nederland Se ferskine tagelyk mei de blêden. Op de blomboaiem steane fiif oant seis grutte tsjelkblêden en in soad lytse, ek giele kroanblêden ynplante, krektas in soad moaltriedden dy ’t yn in spiraal steane. De blommen slute har by rein en nachts, sadat it stomoal besmoute is. De tsjelkblêden foarmje in kom om de rest fan de blom. De tsjelkblêden binne grutter as de kroanblêden. It boppestannich fruchtbegjinsel is ploaid en draacht in brede stimpelskiif. Der binne in soad moaltriedden. Dy wjerkeatse neist giel ek ultrafiolet ljocht, wêrtroch’t se goed te finen binne foar bijen. Ecopedia.be

Frucht Nei befruchting troch in protte soarten ynsekten dy’t op de nektar ôfkomme, ûntstiet in flessefoarmige, beieftige frucht mei in soad siedden. De ripe fruchten litte los fan de stâle en driuwe, trochdat de fruchtblêden yn twa lagen skieden binne: in bûtenste, griene, saprike laach en in binnenste, wite laach, dy’t ryk is oan lucht en de siedden omslút. Nei in skoft lit de bûtenste laach los, mar dan splitse de tuskenskotten fan de frucht har yn twaen. Sa ûntsteane healemoannefoarmige skiven mei in fêste bûtenwand. Dêrbinnen lizze de siedden, beklaaid mei slym. Ek dy driuwe troch de luchtblazen yn it slym. Stadichwei ferrottet no dy bûtenwand, de lucht ûntsnapt út de blazen en de siedden sinke. De siedden libje mar koart, minder as in jier, en wurde troch it wetter ferspraat. Se binne twasiedlobbich.

Stâle en woartelstok De woartelstokken lizze horizontaal yn de boaiem. Oan de boppekant binne de ynplantingsplakken fan de blêd- en blomstâlen foar foarôfgeande jierren as littekens te sjen, wylst der oan de ûnderkant brune rizelwoartels útkomme. Oan ‘e ein komme der langgstâlige blêden út. De rjochtopsteande blêdstâlen binne oan de foet oan wjersiden fluezich ferbrede en ha gjin steunblêden. Nei boppen ta binne se trijekantich. Nauwe luchtkanalen soargje foar transport fan soerstof fan de hûdmûltsjes yn de blêden nei de ûndergrûnske woartelstokken. Dy kanaaltsjes sitte ek yn de blomstâlen. Guon larven fan ynsekten meitsje ûnder wetter gebrûk fan de luchtkanalen om te sykheljen.

Omjouwing Pompeblêden groeie yn stilsteand oant matich streamend fiedselryk wetter dat net al te djip is. Se komme foar yn hast hiel Europa en oangrinzjende dielen fan Aazje en Noard Afrika. It soarte groeit yn oant trije meter djip wetter en draacht by oan de hoemannichte soerstof yn it wetter. Soms is de groei sa wilich dat hiele wetteroerflakken bedekt wurde troch de grutte blêden. Se biede in leefgebiet oan fisken en in soad oare wetterdieren lykas ynsekten, slakken, fûgels, rivierkreeften, elanden, harten, muskusrôten en bevers. De woartelstokken wurde graach fretten troch muskusrôten. Stikken woartelstok komme bytiden boppe driuwen at se los rekke binne troch bygelyks oanfretten troch rôten. De giele plomp produsearret in soad soerstof. De plant kin der min oer as de baoeim omdold wurdt. Yn dit troebele wetter kinne de driuwende blêden noch oan fotosynteze dwaan, mar foar folslein ûnderdûkte wetterplanten is dat ûnmooglik. Beskaadzjen fan it wetter troch beammen wurdt ek net goed ferdroegen.

Ferskaat Giele plomp waard eartiids oan it fee opfuorre en brûkt tsjin kealheid en hûnsdûmens. Yn de ye ytbere woartel sit de stof nupharine, in fergiftige stof dy’t teneate dien wurdt troch de woartel goed te sieden. De siedden wurde rustere iten sûnt de plant ferskynde nei de lêste kâlde perioade yn it Mesolitikum. De giele plomp is de nasjonale plant fan Fryslân. Sân pompeblêden steane yn it read ôfbylde op de Fryske flagge. Stienhouwers ha de foarmen fan de blommen op de dakken fan de katedraal fan Bristol en de Westminster Abbey kerve, mooglik as oanmoediging fan it selibaat.

Kategory:Plantesoarte Kategory:Swanneblom (famylje) Kategory:Wetterplant Kategory:Lânseigen floara yn Abgaazje Kategory:Lânseigen floara yn Albaanje Kategory:Lânseigen floara yn Andorra Kategory:Lânseigen floara yn Armeenje Kategory:Lânseigen floara yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen floara yn Belgje Kategory:Lânseigen floara yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen floara yn Bulgarije Kategory:Lânseigen floara yn Denemark Kategory:Lânseigen floara yn Dútslân Kategory:Lânseigen floara yn Eastenryk Kategory:Lânseigen floara yn Fatikaanstêd Kategory:Lânseigen floara yn Frankryk Kategory:Lânseigen floara yn Fryslân Kategory:Lânseigen floara yn Georgje Kategory:Lânseigen floara yn Gibraltar Kategory:Lânseigen floara yn Grikelân Kategory:Lânseigen floara yn Guernsey Kategory:Lânseigen floara yn Hongarije Kategory:Lânseigen floara yn Ierlân Kategory:Lânseigen floara yn Ingelân Kategory:Lânseigen floara yn Itaalje Kategory:Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen floara yn Jersey Kategory:Lânseigen floara yn Kazachstan Kategory:Lânseigen floara yn Kosovo Kategory:Lânseigen floara yn Kroaasje Kategory:Lânseigen floara yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen floara yn Litouwen Kategory:Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen floara yn Man Kategory:Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen floara yn Moldaavje Kategory:Lânseigen floara yn Monako Kategory:Lânseigen floara yn Montenegro Kategory:Lânseigen floara yn Nederlân Kategory:Lânseigen floara yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen floara yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen floara yn Poalen Kategory:Lânseigen floara yn Portegal Kategory:Lânseigen floara yn Roemeenje Kategory:Lânseigen floara yn San Marino Kategory:Lânseigen floara yn Servje Kategory:Lânseigen floara yn Sibearje Kategory:Lânseigen floara yn Skotlân Kategory:Lânseigen floara yn Sloveenje Kategory:Lânseigen floara yn Slowakije Kategory:Lânseigen floara yn Spanje Kategory:Lânseigen floara yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen floara yn Sweden Kategory:Lânseigen floara yn Switserlân Kategory:Lânseigen floara yn Tsjechje Kategory:Lânseigen floara yn Turkije Kategory:Lânseigen floara yn Wales Kategory:Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen floara yn Algerije Kategory:Lânseigen floara yn Irak Kategory:Lânseigen floara yn Iran Kategory:Lânseigen floara yn Israel Kategory:Lânseigen floara yn Jordaanje Kategory:Lânseigen floara yn Libanon Kategory:Lânseigen floara yn Palestina Kategory:Lânseigen floara yn Sina Kategory:Lânseigen floara yn Syrje