thumb|250px|Genève Genève, soms ferfryske as Sjenêve (Frânsk: Genève; Dútsk: Genf; Italjaansk: Ginevra) is nei Surich de grutste stêd fan Switserlân. Yn 2007 wennen der 185.726 minsken. De stêd leit yn in kanton mei deselde namme, yn it Frânsktalige part fan it lân.

De stêd leit oan de westpunt fan de Mar fan Genève en wurdt trochsnieën fan de rivieren de Rhône, dy't de mar útrint, en de Arve.

It besjen wurdich De âlde katedraal (Cathédrale Saint-Pierre) wie Jehannes Kalvyn syn eigen tsjerke (protestant). Basilyk Notre-Dame de Genève (katolyk) Fontein fan Genève Monument International de la Réformation

Ynternasjonale organisaasjes De stêd Genève húsmanje in protte wichtige ynternasjonale organisaasjes: de Feriene Naasjes it Ynternasjonale Reade Krús de Wrâldsûnensorganisaasje UNAIDS, in organisaasje fan de FN foar it bestriden fan AIDS. UNHCR, de flechtelingenorganisaasje fan de FN ILO, de Ynternasjonale Arbeidsorganisaasje WTO, de Wrâldhannelsorganisaasje EBU, de European Broadcasting Union de Wrâldried fan Tsjerken

Ek hat de stêd in tal wichtige ûnderwiis- en ûndersyksynstellingen, sa as: it ûndersyksynstitút CERN de Université de Genève it Institut Universitaire de Hautes Études Internationales de École de traduction et d’interprétation

Berne yn Genève Jean-Jacques Rousseau (1712-1778), Switsersk-Frânsk filosoof James Pradier (1790-1852), Frânsk byldhouwer en skilder fan Switsersk komôf Henri Dunant (1828-1910), oprjochter fan it Reade Krús en Nobelpriiswinner Élie Ducommun (1833-1906), sjoernalist en Nobelpriiswinner Ferdinand de Saussure (1857-1913), taalwittenskipper René de Saussure (1868-1943), esperantist en wiskundige Frank Martin (1890-1974), komponist Michel Simon (1895-1975), akteur Lucienne Bloch (1909-1999), Amerikaansk keunstnaresse fan Switsersk komôf François Simon (1917-1982), akteur Alain Tanner (1929), filmregisseur Nelly Borgeaud (1931-2004), aktrise Claude Goretta (1929), filmregisseur Michel Soutter (1932-1991), filmregisseur Jean-Luc Bideau (1940), Switsersk akteur Tariq Ramadan (1962), filosoof en islamolooch Cindy Albracht (1975), Nederlânsk fioeliste

Kategory:Plak yn Switserlân Kategory:Plak stifte yn de 1e iuw f.Kr.