thumb|Diagram fan in kryptogram In kryptogram is in bysûndere foarm fan in krúswurdriedling. It wurd "kryptogram" komt fan it Grykske wurd “kruptos”, dat “ferburgen” betsjut, en gram (by Gryksk gráphein ‘skriuwe'). De yn te foljen wurden wurde op in kryptyske (ferburgen) manier omskreaun. Troch kreatyf neitinken en assosjearjen kin de oplossing fûn wurde. As it wurd fûn is, kin troch werom te redenearjen ferklearre wurde hoe't it gearstald is, wêrtroch’t men by goed makke kryptogrammen frijwat wis wêze kin dat it fûne wurd goed is. De omskriuwings by in kryptogram binne yn it earste oankommen tige ûnlogysk. Mei goed lêzen is lykwols wol út te finen wat de bedoeling wie fan de makker. Om ta in oplossing te kommen is it wichtich alle wurden fan de sin op harren betsjutting(s) of synonimen en homonimen te besjen en net sasear te sjen nei de frjemd formulearre sin as ien gehiel. Oft in sin yn 'e notiid of doetiid stiet kin ek in oanwizing wêze. Is der inkeltal of meartal brûkt? Is der in ferlytsingswurd brûkt?
Hânlieding Der binne wol wat oanwizings te jaan om út de omskriuwings te kommen. Hjirûnder in oersjoch mei ien of mear foarbylden dy’t helpe kinne by it oplossen fan dizze puzelsoarte.
Dûbelde omskriuwing - By in goed kryptogram is de omskriuwing faak dûbeld. Ien min ofte mear direkt en it twadde kryptysk: Sa’n plant fyn ik yn in stel = "stikel" : st-ik-el. Letterlik dus 'ik' yn 'stel'. It direkte part is no 'Sa’n plant' en it kryptyske part is 'ik yn stel'. In wat slimmere omskriuwing is: Sa’n plant is troch my yn in stel te finen = "stikel".
Yn twaen - It yn twaen of trijen knippen fan de wurden en de beskate dielen omskriuwe ta in goed rinnende sin. In swiere stim en in hege stim wurde sa hurd as stien = "basalt" : bas + alt. De 'swiere stim' is 'bas' en in 'hege stim' is 'alt', de 'stien' is 'basalt'. Dizze woastynbewenner hat in fûgel foar syn iten = "kamiel" : ka + miel. De fûgel is 'ka' + syn iten is 'miel' = "kamiel". It wurdsje ‘foar’ tsjut oan dat dat de 'ka' foar it 'miel' komt.
Efterstefoarst - It oantsjutten dat in wurd efterstefoarst lêzen wurde moat (wat fansels allinnich in doel hat at it gjin palindroom is). Soks kin oanjûn stean mei de wurden 'wer', 'werom', 'tebek', 'oarsom', 'op ’e kop' ensfh. It stik klean komt efter de man let werom = "mantel" : Man + let werom (tel) = mantel
Meardere betsjuttings - It brûken fan in wurd mei twa ferskillende betsjuttings: Yn de bibleteek lêst men artikels fan dy beam = "boek" : Likegoed is lêsboek as bûkebeam hjirby werom te finen.
Anagram - De tapassing fan anagrammen. In anagram wurdt meastentiids oantsjutten mei beskate wurden lykas 'skodde', 'troch inoarren', 'net goed', 'yn de tiis', 'oan diggels' ensfh. Der wurdt lykwols net altiten oanjûn dat it om in anagram giet. Sa’n fyn doel is oars wol gaadlik foar eigen ynbring = "ynfloed" : de letters 'fyn doel' foarmje in anagram fan ynfloed. De koster en de stoker binne yn it muzyk net te plak = "orkest"
Weistreek-anagram - In bepaalde foarm fan it anagram is it weistreek-anagram. Hjirby moat de oplossing ek troch letterfersetten foarme wurde út wurden dy’t yn de omskriuwing steane. En sà dat út dy wurden earst in oar wurd ( of part fan in wurd ) weilitten wurde moat. Dit wurdt meastentiids oanjûn troch de wurden 'net', 'minder', 'sûnder', 'misse', 'útsein', ensfh. As de ielreager syn eare ferliest, kinne wy net mear op him oan = "liger" : Earst moat 'eare' weistreke wurde út 'ielreager', oantsjutten troch it wurdsje 'ferliest'. De rest fan de letters foarmet in anagram fan liger: men kin net mear op him oan. As wy apen út 'e itenspanne helje , hâlde wy it lytsjild oer = "sinten" : 'Apen' út 'itenspanne' levert nei weistreekjen in anagram fan sinten op.
Weilitte - De mooglikheden dat yn de omskriuwing in wurd stiet dat ek yn de oplossing stiet, mar dêr’t in diel fan weilitten wurde moat. It diel dat weilitten wurde moat stiet yn de oplossing tusken skrapkes. Krekt en gelyk as by it weistreekanagram wurdt dit oanjûn mei wurden lykas 'net', 'minus', 'gjin', 'sûnder', 'misse' ensfh. Foar it momint komt de manke ek net mei in stik klean = "mantel" : man(ek)tel As it losjild de muzyknoat falle lit, komt it rôfdier dêr as nepert efter = "jildwolf" : (los)jild + wolf
Ferbining - It oantsjutten dat it sochte wurd mei in oar wurd ferbûn wer in nij wurd oplevert: Jouwe wy dy winkel oan 'e Sint, dan ha wy noch wat foar letter = "sparsint" : (spar)sint. It wurd dat ferbûn mei in oar wurd de oplossing jout, stiet tusken skrapkes. Oan ‘dy winkel’ is te sjen dat dêr de oplossing socht wurde moat en 'sparjild' is foar letter. Set ‘m foar de fretter en it resultaat jout jin (n)eat fan Sinteklaas = "miter". 'Gjin miter' betsjut 'neat' en de 'miter' op sinteklaas syn holle.
Ferskûlje - De mooglikheid dat de oplossing ferskûle sit yn in bepaald diel fan de omskriuwing. Yn in pokerface falt in kleur fansels gau op = "pokerface" : p-oker-face. De oplossing oker sit dus ferskûle yn it wurd pokerface. De wetterbewenner wennet yn in snotterpôt = "otter" : sn-otter-pôt. Oplossings wurde ek wol weistoppe yn mear as ien wurd fan de opskriuwing. Dizze rivier stiet yn twa almenakken oanjûn = "Waal" : (t)Wa al(menakken). De oplossing Waal sit no ferskûle yn twa wurden: 'twa almenakken'. In oanwizing dêrfoar is it wurdsje 'yn'. Dat diel fan in horloazje is grif earne yn dizze sin weikrûpt = "fear" : (gri)f ear(ne).
Tsjinstelling - De mooglikheid om earst in wurd yn hiele hear en fear te omskriuwen en dan as tsjinstelling of oare kombinaasje: De striid mei in âld skip as ynset = "wrakseling" : wrak(seling). 'Striid' is wrakseling en in 'âld skip' is in wrak. 'As ynset' wol hjir sizze dat wrak foaroan stean moat. Sa’n oerienkomst is op it lêst lang net mis = (ôfsp)raak. 'Oerienkomst' is ôfspraak en ‘op it lêst net mis’ tsjut oan dat raak efteroan moat.
Assosjaasje - De assosjaasje, meastentiids oanjûn mei in fraachteken: Groeie dêr wite hynsteblommen oan? = "skimmelplant" : de assosjaasje is hjir ‘wite hynst’ as skimmel. Tapaslike winsk foar begjinnende gewichtheffers = "sterkte" : by gewichtheffers kin al gau tocht wurde oan 'sterk' en krêft.
Boartlik - By boartlike omskriuwings is de oplossing net letterlik omskreaun, mar mei help fan wurdboarterij. De oplossing kin net daliks út de omskriuwing helle wurde. Rint tsjalskonkich yn de rûnte = "passer" Kop fan in tizeboel = "tiisholle" In samling sânmantsjes = "karafaan"
Klankoerienkomst - De klankoerienkomst, meastal oantsjut troch wurden as 'beharkje', 'sa te hearren', 'sasein' ensfh. It giet dan om wurden dy’t by it útsprekken in oare bestjutting krije kinne as wannear’t se opskreaun binne. De oplossings steane ek gauris ferskûle yn in oar wurd, lykas by it earste foarbyld te sjen is: Dat diel duorret sa te hearren net sa lang = "kwart" : ‘diel’ is kwart, 'net sa lang’ is koart. It wurdsje ‘dat’ jout oan dat kwart bedoeld wurdt en net koart. Sa ’t sein wurdt feecht dy simmergriente fan him ôf = slaad : 'slaat'
Splitse - It bedoelde wurd splitse en yn in sin brûke: De arrestant koe him der mei need útlige = "meineed" : mei + need
Klam ferlizze - It ferlizzen fan de klam. Troch it ferlizzen fan de klam kin in wurd in gâns oare betsjutting krije, lykas oèrlizze / oerlìzze en foàrkomme / foarkòmme en ûndergean / ûndergèan. Sa’n stik fruit wurdt yn it leger alle moarnen kontrolearre = "appel". It 'stik fruit' is 'àppel' en 'soldaten' wurde kontrolearre op it 'appèl'.
Oare talen - Guon Fryske wurden komme ek yn oare talen foar, mar ha dan in oare betsjutting. Dit wurdt meastentiids oanjûn mei : 'yn Ingelân', 'yn Madrid', 'neffens Frânsk', 'yn it easten' (Dútslân) ensfh. Dizze Frânske stêd meie de Ingelsken wol lije = "Nice" : Nice as Frânske stêd en 'wol lije meie' is yn it Ingelsk 'nice'. Dat bist is altyd yn Amearika te finen = "ever" : In ever as evert, en ever as Ingelsk wurd foar altyd. In famyljelid is net by ús easterbuorlju = "nicht" : ‘nicht’ as Dútsk (leit East fan Nederlân) wurd foar 'net'.
Letters – Letters kinne ek ferskate oanwizings jaan. Sommige letters foarmje by de útspraak in wurd of kinne as diel fan in wurd brûkt wurde lykas 'bee', 'see' (c), 'ha', 'ka', 'El' (famkesnamme), 'pee', 'er', 'tee', 'fee' (v), 'wee' en 'set' (z). Oare betsjuttings dy’t oan letters jûn wurde kinne binne bygelyks de 'earste' (a), 'em' (m), 'neat / nul / rûntsje' (o), 'parkearplak' (p), 'lêste' (z) en sa. Kombinaasjes fan letters kinne by it útsprekken en in bepaalde betsjutting krije lykas 'aas' (aa), 'effen' (ff), 'Gees' (gg), 'iis' (ii), 'Els / Ellen' (ll), 'Emmen' (mm), 'Ens' (nn), 'pees' (pp), 'Essen' (ss), 'ús' (uu), 'wees' (ww) en 'setten' (zz). As Els yn in bien komt, krijt se foar de kont = "billen" : bi-ll-en Ik mei gjin ranje fan sa’n kleur = "oranje" : o-ranje Yn Essen komt de mot om iten = "smots" : s-mot-s
Sifers - Inkele telwurden kinne in oare betsjutting hawwe, bygelyks 'sân' en 'acht'. It wurd fjouwer(fjirde) kin stean foar it Romeinske sifer "IV", en dus as letters "I en V" te brûken, mar kin ek doele op de fjirde letter fan it alfabet de letter de "D". Ik ha respekt foar dat siferke = "acht" Ien fan de Acht = "sân" (8-1=7) Ik ha 551 kear in abonnemint op dy panne hân = "lid" : 551 is yn Romeinske sifers LDI, in anagram fan 'lid'.
Ferwizing - Ferwizing nei eardere útkomsten. It wurd dat al earder as oplossing fûn is, wurdt brûkt yn in nije omskriuwing. Foarbyld: de oplossing fan omskriuwing 13 horizontaal is it wurd "pleats". Dan stiet by 14 horizontaal: As 13 syn pas kwytrekket, komt er net ier: pleats - pas = "let"
Diagram De swarte fekjes yn de puzel stiene yn de begjinjierren fan it kryptogram symmetrysk of yn spegelbyld ferspraat yn de puzel. In soad brûkte diagrammaat is 15 by 15 fekjes (ek wol 'hokjes') mei draaisymmetry fan in heale slach. Yn de earste diagrammen fan 15 × 15 fekjes moasten meastentiids 2 × 16 oplossings ynfold wurde. Letter ferskynden ek oare ôfmjittings en frijere foarmen fan it diagram. It diagram fan kryptogrammen hat sawat 30% swarte fekjes, by krúswurdpuzels is dat heechút 20%. Yn de njoggentiger jierren rûn it tal omskriuwings werom ta krekt boppe de tweintich en de symmetry waard minder strak oanhâlden. In kryptogram hat folle minder krúsjende wurden as in krúswurdpuzel.
Skiednis Nederlânske kryptogrammen It wurd ‘kryptogram’ waard op 4 desimber 1884 foar it earst neamd yn Nederlân en hie doe de betsjutting fan ‘geheimskrift’. It oanbelangjende artikel gie oer it omsetten fan symboalen, sifers en letters yn skreaune tekst. Oan de ein fan de njoggentjinde iuw waard yn kranten wol faker skreaun oer koadearre berjochten, dy’t brûkt waarden yn de Frânsk-Dútske oarloch fan 1870. Sa publisearre De Amsterdammer yn 1888 in rige artikels oer de begjinsels fan de ‘kryptographie’. Nei de Earste Wrâldoarloch pleatste dyselde krante fannijs in rige artikels oer de 'Untsiferkeunst'. Koadearre berjochten krigen yn de Twadde Wrâldoarloch in soad omtinken troch it Enigma koadeartastel.
In ienfâldige manier om in wurd te koadearjen is it anagram, bygelyks yn de foarm fan in ‘besitekaartsje’ of in sjarade. Dat in soad minsken niget ha oan it ûntsiferjen fan taalfoarmen blykte yn 1981 út de populariteit fan it boek Opperlandse taal- & letterkunde.