Sosjaaldemokrasy is de oantsjutting foar in politike beweging dy't op demokratyske wize yn de besteande maatskiplike of politike oarder in sosjale wetjouwing of in stadige herfoarming op grûn fan min ofte mear egalitêre begjinsels foarstiet. Sosjaaldemokraten binne oanhingers fan dy beweging.

Faak wurdt de term sosjalisme brûkt om sosjaaldemokraten oan te tsjutten, al is sosjalisme in breder begryp dat ek linksere ideologyen binnen en bûten it parlemintêr stelsel (lykas al as net revolúsjonêre kommunisten en soms anargisten) omfettet. Der wurde wol fraachtekens setten by de yndieling fan sosjaaldemokrasy ûnder sosjalisme, benammen troch linksere sosjalisten.

Skiednis Begjin tweintichste iuw kaam der in skieding yn it sosjalisme tusken de revolúsjonêren en parlemintêren.

Foar de Oktoberrevolúsje fan 1917 yn Ruslân waard de oantsjutting ‘sosjaaldemokratysk’ ek brûkt foar marksistysk-revolúsjonêre partijen. Nei 1918 feroaren in protte fan dy partijen harren namme yn ‘kommunistyske partij’, lykas de Russyske Kommunistyske Partij, dy't dêrfoar Russyske Sosjaaldemokratyske Partij hiet.

Sosjaaldemokratyske partijen Austraalje: Australian Labor Party Belgje : Flaanderen: Socialisten en Progressieven Anders (SP.a) Walloanje: Parti Socialiste (PS) Denemarken: Socialdemokraterne Dútslân: Sozialdemokratische Partei Deutschlands (SPD) Eastenryk: Sozialdemokratische Partei Österreichs (SPÖ) Feriene Keninkryk: The Labour Party Finlân: Suomen Sosialidemokraattinen Puolue (SDP) Frankryk: Le Parti Socialiste Grikelân: Panellínio Sosialistíko Kiníma (PASOK) Yslân: Samfylkingin Ierlân: Irish Labour Party Israel: Arbeidspartij (Mifleget Ha'avoda Hajisraëliet) Itaalje: Democratici di Sinistra Lúksemboarch: Lëtzebuergesch Sozialistesch Arbechterpartei Kanada: New Democratic Party Québec: Le Parti Québécois Meksiko: Partido de la Revolución Democrática (PRD), Convergencia Mongoalje: Mongol Ardyn Khuv'sgatt Nam (MAKN) Nederlân: Partij van de Arbeid (PvdA) Nij-Seelân: The New Zealand Labour Party Noarwegen: Arbeiderpartiet (DNA) Portegal: Partido Socialista Roemeenje: Partidul Social Democrat (PSD) Slowakije: SMER - Sociálna demokracia (SMER) Spanje: Partido Socialista Obrero Español (PSOE) Súd-Afrika: African National Congress (ANC) Sweden: Socialdemokraterna (S) Tsjechje: Česká strana sociálně demokratická (ČSSD) Turkije: Cumhuriyet Halk Partisi (CHP)

Sjoch ek Politike ideology.

Keppeling om utens

Kategory:Sosjalisme Kategory:Demokrasy Kategory:Politike streaming