Foarfallen It kleaster Foswert op It Amelân is neffens in 16e iuwske kronyk om dizze tiid boud Áed Finnliath, kening fan de Uí Néill rommet de basissen fan de Wytsingen oan de noardkust fan Ierlân op. Keizer Loadewyk II docht in berop op alle frije manlju yn Itaalje om ûnder syn lieding de moslim-ynfallers út it lân te jeien. Michael I fan Bulgarije freget Paus Nicolaas I oft hy foar syn heidenske foarâlden heart te bidden. De paus antwurdet dat soks gjin inkel doel hat. Alfons III fan Astuerje folget Ordoño I op as kening fan Astuerje.
Berne 19 septimber - Leo VI fan Byzantsium
Ferstoarn Ordoño I fan Astuerje, kening fan Astuerje
Kategory:9e iuw