Philip Jacob (Flip) Soolsma (Sint-Anne, 30 novimber 1947 - dêre, 3 april 2008) wie in Fryske keatser. Hy wûn yn 1974, 1979 en 1980 de PC, mar is nea kening wurden. Yn 1975 waard hy mei 53 punten klassemintswinner en doe’t er yn 1984 stoppe hie hy 478 punten helle.)
Al op skoalle siet Soolsma fol fan keatsen, fuotbal en gymnastyk. Yn 1964 docht er foar it earst mei oan de Freulepartij mei de maten Piet Keizer en Bote en de felle âld-keatser Klaas Kuiken as coach. As foarynse mei de ivige wite pet lit er mei syn hege noaslûd faak hearre wat er fan de lieding fynt.
Yn 1970 wint er foar Sint Anne de Mulierbal. Yn de earste helte fan de santiger jierren is Hein Zijlstra syn fêste opslagger en spilet Sikke Sikkema foaryn. It súkses op de PC komt yn 1972 tichtby at er mei dizze maten de finale hellet. Yn 1974 wint er de PC foar de earste kear mei Jarich van der Veen as kening. Al bliuwt er dêrnei mei Jarich van der Veen jierrenlang favoryt, oaren winne dan de PC. Yn 1979 en 1980 wint er mei Piet Jetze Faber en Sake Saakstra nei fiif jier wer de PC.
Nei dy tiid liet de temperamintfolle Biltker op en om it fjild noch faak fan him hearre by syn grimmitigens om te winnen. By it publyk bleaun er lykwols herkenber mei syn soepele, atletyske trêd oer it fjild, syn nasale lûd en de bal foar syn boarst by it opslaan.
Prizen 1964 - Freule 2e priis 1966 - Jong Nederlân 3e priis 1966 - de Bond 6e priis 1968 - de Bond 3e priis 1968 - PC 3e priis 1969 - de Bond 1e priis 1970 - de Bond 1e priis 1972 - PC 2e priis 1974 - de Bond 9e priis 1974 - PC 1e priis 1975 - de Bond 1e priis 1975 - PC 3e priis 1976 - de Bond 2e priis 1976 - PC 3e priis 1977 - de Bond 9e priis 1977 - PC 3e priis 1979 - PC 1e priis 1980 - PC 1e priis 1981 - de Bond 6e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:Biltsk persoan Kategory:Persoan berne yn Sint-Anne Kategory:Persoan stoarn yn Sint-Anne Kategory:Persoan berne yn 1947 Kategory:Persoan stoarn yn 2008