thumb|Herman Venematroch Jacobus Houbraken (nei Bernard Accama) Hermannus Venema (Wildervank, 1697 - Ljouwert, 1787), ek: Heit Venema, wie in Fryske teolooch.

Hy stie fan 1723 oant 1774 as heechlearaar yn Frjentsjer en hie in soad learlingen. Hy keppele in sterke wierheidsleafde oan in grutte ekspertize. Kaam benammen nei foaren as tsjerkehistoarikus. Beskuldige fan ûnrjochtsinnichheid, troch ûnder oaren A. Driessen, pleite hy foar tolerânsje en ferdigene Johannes Stinstra. Hy bestried de stivens fan it learstelsel en lei de klam op it kristlike libjen. Stie tige yn oansjen by Epo Sjuck fan Burmania.

Bibliografy (in kar) Dissertationum sacrarum libri tres, Folkert Jans van der Plaats, Frjentsjer, 1731 Commentarius ad Danielis cap. XI: 4-45, Willem Coulon, Ljouwert, 1752 Commentarius ad librum elenctico propheticum Malachiæ, Willem Coulon, Ljouwert, 1759 De ware christelijke religie onderzocht en nagespoort uit Matth., Wigerus Wigeri, Ljouwert, 1763 (3 dielen) Commentarius ad librum prophetiarum Jeremiae, Chalmot, Ljouwert, 1765 Praelectiones de methodo prophetica seu de argumento prophetiarum Veteris et Novi Testamenti ac utriusque periodis, Abraham Ferwerda, Ljouwert, 1775 Institutiones historiae ecclesiae Veteris Testamenti, Johannes en Samuel Luchtmans/Gerrit Tresling, Leien/Ljouwert, 1777-1783

Literatuer Bruïne, Johannes Cornelis de Herman Venema: een Nederlandse theoloog in de tijd der Verlichting, Wever, Frjentsjer, 1973 (proefskrift)

Kategory:Nederlânsk teolooch Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Frysk teolooch Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk publisist Kategory:Heechlearaar oan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1697 Kategory:Persoan stoarn yn 1787