thumb|rechts|Tromp (1866)Portret troch Johannes Hinderikus Egenberger Michiel Hylkes Tromp (Ypekolsgea, 24 oktober 1824 - Ljouwert, 29 jannewaris 1915) wie boargemaster fan Wymbritseradiel.
Tromp wie in soan fan boer Hylke Michiels Tromp en Trijntje Aukes Douma. Hy waard keapman en winkelman yn Wâldsein. Yn de jierren 1850 waard er lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân. Fan 1864 ôf wie er kommissaris fan Wâldsein Fersekeringen. Hy wie ek in skoft gemeenteriedslid en waard yn 1881 beneamd as boargemaster fan Wymbritseradiel. Fierders wie er noch dykgraaf en doe hat er in soad dien om de diken te ferbetterjen. Yn 1906 waard him as boargemaster earfol ûntslach ferliend. Hy waard opfolge troch syn soan Hylke Michiel Tromp.
Kategory:Frysk keapman Kategory:Frysk ûndernimmer Kategory:Frysk assuradeur Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Lid fan de Steaten fan Fryslân Kategory:Persoan berne yn Ypekolsgea Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1824 Kategory:Persoan stoarn yn 1915