150px|thumb|right|fiif kluten 150px|thumb|right|swan 150px|thumb|right|hoanskrobber 150px|thumb|right| Erik van Ommen (Epe, 26 oktober 1956) is in byldzjend keunstner dy't mei syn partner Wilma Brinkhof yn de âlde pastorije mei galery oan de Brink fan it Drintske Vries wennet. Syn wurk bestiet út etsen, oaljeferveskilderijen, ek yn gyclee, bylden en fideofilms.
Hy studearre yn 1983 ôf oan de Akademy foar Byldzjende Keunsten Minerva yn Grins. Syn wurk is figuratyf yn de tradysje fan de Noardlike Realisten.
Hy wurket leafst yn projektfoarm en docht dat faak yn gearwurking mei natoerorganisaasjes. Sa makke er tema's oer de klút, swellen, hoanskrobbers, de blesgoes en de bijefretter. By in kollumn yn it bled "Vogels" ferskynden 'momintetsen'. De ôfdruk fan de ets wurket as in soarte finster. De taskôger sjocht der trochhinne en trappearret syn ûnderwerp as yn in momintopname. Keunst en kultuer sjocht Van Ommen as in gehiel en sjocht it dêrom as syn taak him yn te setten foar syn ynspiraasjeboarnen. Van Ommen fynt dat gearwurking yn passy en kreativiteit ta mear liede en rjochte dêrom mei oaren yn de jierren njoggentich de Artist for Nature Foundation op. Dizze stifting wol middels keunstwurken oandacht freegje foar bedrige natoergebieten. Faak folget er ek fûgels en komt sa op in soad plakken. Hy skilderde ûnder mear yn lannen as Israel, Yndia, Namybje, Amearika en Japan.
Eksposysjes fan him wienen te sjen yn museums yn binnen- en bûtenlân. Mear as 30 boeken mei dêryn skilderijen, akwarellen, etsen, tekeningen en pastels ferskynden fan him. Hy wie ek op telefyzje te sjen yn programma's fan de NCRV, TELEAC, TV Noord, Van gewest tot gewest en de VARA.
Yn 2015 kaam syn 32e boek út, Mijn reigerparadijs. Dêryn waarden foar it earst fideofilms opnaam. It boek waard nominearre foar de Jan Wolkerspriis 2015. Foar VARA's Vroege Vogels ûntwurp er yn 2015 it logo fan de skries, de nasjonale fûgel fan Nederlân. Yn 2015 stichte er Het Bevlogen Oog, in priis foar de bêste jonge fûgeltekener.
Publikaasjes Mijn Reigerparadijs – 2015 Het Waddenatelier – 2013 De ijsvogels van de Hunze – 2012 Mijn pastorietuin – 2010 De kluten van Breebaard – 2008 De inktvogel – 2007 Vingeroefeningen – 2007 Hirado no sura – 2006 De zwaluwen van Singraven – 2006 De kiekendieven van het Oldambt – 2004 De Strandgids – 2003 Vlerkenstreken – 2003 De dwergganzen van Anjum – 2003 Het Groene woud – 2002 De bijeneters van Harkstede – 2001 Het Uilenpad – 1999 Het Vossenpad – 1998 33 Etsen – 1998 Het Ganzenpad – 1996 Texel – 1995 Trekvogels van rots tot rots – 1993 De Kroonspolders – 1993 Vogels op water en slik – 1989 Op twee Vleugels – 1983 Fierder ferskynt syn wurk geregeldwei yn de tydskriften Vogels, Noorderbreedte, Golden Raand en Roots. Hy makke tekeningen en akwarellen foar ferskate lânskippen en natuerorganisaasjes.
Kategory:Nederlânsk byldzjend keunstner Kategory:Nederlânsk tekener Kategory:Feluwsk persoan Kategory:Tynaarlo Kategory:Persoan berne yn 1956