Durk Mozes (Skuzum, 22 augustus 1894 - De Harkema, 15 july 1985) wie in sosjalistysk foaroanman fan De Harkema.

Hy rjochte yn 1919 de lokale SDAP-ôfdieling (foarrinder fan de PvdA) op. Mei Pier Hager en Klaas Wedzinga rjochtet er it Lânarbeidersbûn op. Hy wie ek oprjochter fan it Pleatslik Belang en it Griene Krús yn De Harkema. Yn 1953 wie er de foaroanman by de staking fan de arbeiders fan it suvelfabryk “De Ommelannen”.

Kategory:Frysk fakbûnslieder Kategory:Frysk politikus Kategory:SDAP-politikus Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Persoan berne yn Skuzum Kategory:Persoan stoarn op De Harkema Kategory:Persoan berne yn 1894 Kategory:Persoan stoarn yn 1985