It Noardfrysk is in taal dy't heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Sealterfrysk foarmet it de Fryske taalgroep.

It Noardfrysk wurdt sprutsen yn Noard-Dútslân, yn it westlike part fan 'e Kreis Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland), dy't yn it noardwesten fan 'e dielsteat Sleeswyk-Holstein leit en dêr't Hüsem de haadstêd fan is. It Noardfryske taalgebiet beslacht in krite oan 'e Noardseekust, fuort besuden de Deenske grins, en acht eilannen foar de kust. Fierders wurdt it ek sprutsen op it ta de Kreis Pinneberch hearrende eilân Hilgelân (Helgoland), yn 'e midden fan 'e Dútske Bocht.

Tal sprekkers Noard-Fryslân hat sa'n 156.000 ynwenners en Hilgelân likernôch 2.000. Dêrfan beskôgje sa'n 60.000 (oftewol sa'n 38%) harsels as Noardfriezen. De Noardfryske taal wurdt lykwols mar sprutsen troch sa'n 8.000 oant 10.000 minsken, wat delkomt op likernôch 5,1% oant 6,3% fan 'e befolking. Dêrby moat oantekene wurde dat dat persintaazje op 'e Noardfryske Waadeilannen, benammen op Feer (Dútsk: Föhr) en Oomram (Amrum), folle heger leit. De ferklearring dêrfoar is dat de ôfhandige eilannen lange tiid nochal isolearre west hawwe, sadat de ynfloed fan it Dútsk dêr folle lytser wie, en boppedat hat it Noardfrysk op 'e eilannen altyd in hegere status hân as op it fêstelân. It liket in realistysk skatting dat in tredde fan de ynwenners fan Föhr en Amrum noch Frysk prate. Dertsjinoer stiet dat it dialekt fan Söl (Sylt) hast útstoarn is (noch mar troch likernôch 1% fan de befolking sprutsen). Dit hat foaral te krijen mei de grutte toerisme-ymmigraasje fan Leechsaksysk- en Heechdútsksprekkers.

Hjoed de dei befine de grutste konsintraasjes Noardfrysksprekkers har op 'e westlike helte fan it eilân Feer en op it noardlike part fan it Noardfryske fêstelân, yn 'e omkriten fan it twillingdoarp Risem-Loonham (Dútsk: Risum-Lindholm). It Noardfrysk wurdt tsjintwurdich eins allinne op 'e eilannen Söl (Dútsk: Sylt), Feer en Oomram, op it fêstelân yn 'e omkriten fan Risem-Loonham en mooglik ek op Hilgelân noch trochjûn oan 'e bern. Benammen op Feer en Oomram wurdt it noch wol troch de jongerein ûnderinoar brûkt, al is der troch de âldere generaasjes nochal wat krityk op 'e Dútske ynfloeden yn harren Noardfrysk.

Under de boppeneamde 8.000 oant 10.000 Noardfrysktaligen yn Noard-Fryslân binne sa'n 1.000 lju dy't it Noardfrysk as twadde taal troch kursussen of selsstúdzje oanleard hawwe. Nochris sa'n 20.000 ynwenners fan Noard-Fryslân sizze (in dialekt fan) it Noardfrysk ferstean te kinnen, mar net te sprekken. Bûten Noard-Fryslân wenje nei alle gedachten noch ferskate tûzenen Noardfrysktaligen ûnder de Noardfriezen om utens yn Sleeswyk-Holstein en de rest fan Dútslân en ûnder de Noardfryske emigranten yn 'e Feriene Steaten (benammen yn 'e steaten New York (steat) en Kalifornje), Kanada en guon Latynsk Amerikaanske lannen. It totale oantal Noardfrysksprekkers leit sadwaande wierskynlik om 'e 15.000 hinne.

left|thumbnail|De lokaasje fan it Noardfryske taalgebiet yn Dútslân. Oarspronklik wie it Noardfryske taalgebiet folle grutter, mar troch de iuwen hinne is it hieltyd fierder ynkrompen, foar in grut part troch de opmars fan it Nederdútsk yn eardere tiden en dy fan it Dútsk yn 'e lêste iuw. Sa stoar it Noardfrysk troch it opkringen fan it Nederdútsk al om 1500 hinne út op it grutte skiereilân Eiderstedt, dat besuden fan it echte Noard-Fryslân leit, mar dat wol ta de tsjintwurdige Kreis Noard-Fryslân heart.

thumbnail|De ynwenners fan Noard-Fryslân dy't Noardfrysk sprekke en dy't harsels as Noardfriezen beskôgje ôfset tsjin 'e folsleine befolking fan 'e Kreis.

Healwei de njoggentjinde iuw wienen der yn Noard-Fryslân noch mear as 30.000 Noardfrysktaligen, dy't yn frijwol alle doarpen de mearderheid fan 'e befolking útmakken. Yn it Ynterbellum (de perioade tusken de beide Wrâldoarloggen) wie it tal Noardfrysksprekkers al weromrûn nei sa'n 15.000. Lykwols wie dat doe noch altyd ien trêde fan 'e befolking fan Noard-Fryslân en yn guon doarpen wienen de Noardfrysktaligen noch altyd yn 'e mearderheid.

Om oan te jaan hoe't de taalferhâldings ferskoden it folgjende foarbyld. Yn it doarp Rornees (Dútsk: Rodenäs), tsjin 'e Deenske grins oan, spruts yn 1905 60% fan 'e minsken Noardfrysk, 20% Deensk en 20% Dútsk of Nederdútsk; yn 1975 wie dat feroare yn 70% Dútsk of Nederdútsk, 19% Noardfrysk en 11% Deensk. Dêrby moat opmurken wurde dat yn dat lêste jier der ûnder de minsken fan boppe de fyftich jier noch in mearderheid fan Noardfrysktaligen bestie, wylst fan 'e jongeren ûnder de tweintich jier minder as 3% it Noardfrysk noch machtich wie.

It Noardfrysk giet trouwens net allinne efterút kwa oantal sprekkers, mar ek wat syn kwaliteit oanbelanget, want it stiet ûnder tige sterke druk fan it Dútsk. Krekt troch de lytse fermiddens dêr't de ferskillende dialekten noch yn sprutsen wurde, geane de feroarings troch de Dútske ynfloed tige hurd.

Der binne hjir en dar ek wat optimistyskere lûden te hearjen: mûglik wurdt it "haaddialekt", it Mooring, troch in tanommen bewustwêzen fan de regionale identiteit troch de jongeren wer wat mear praat as troch de minsken fan middelde leaftiid. Itselde wurdt jildt foar de dialekten fan Föhr en Amrum (de hast identieke dialekten Fering en Öömrang). De takomst sil útwize moatte hoe grut dizze ynfloed wêze sil.

Skiednis

It Noardfrysk hat in plak op de Noardfryske eilannen krigen om 800 hinne, doe't de eilannen troch in weach fan Friezen fan it suden út kolonisearre waarden. It fêste lân waard lykwols nei alle gedachten earst Frysktalich yn in nije weach om 1100 hinne. It grutste Frysktalige eilân, Strân is yn 1634 fuortspield, wat in dúdlike ynfloed hân hat op de posysje fan it Noardfrysk. De ierst bekende tekst yn it Noardfrysk is in oersetting fan 'e kategismus fan Luther út likernôch 1600. Pas oan it begjin fan 'e njoggentjinde iuw kamen der mear Noardfryske teksten. Yn de 20e iuw krige de taal in eigen plak yn it ûnderwiis.

Dialekten It Noardfrysk wurdt opmakke út net minder as tsien sterk faninoar ferskillende dialekten, elk mei syn eigen stavering, grammatika en wurdskat. Ien fan dy dialekten, it Suder-Goeshiirder, wurdt lykwols yn 1981 beskôge as útstoarn, wylst teminsten trije oare (it Middel-Goeshiirder, it Hallichfrysk en it Karhiirder) dan op it rântsje fan it útstjerren balansearje.

In oersetting fan it "Us Heit" lit de ferskillen tusken dialekten sjen.

De dialektkloften De Noardfryske dialekten wurde ornaris opdield yn twa kloften, de fêstelândialekten en de eilândialekten. Dy kloften binne mar foar in part ûnderling fersteanber, eat dat nei alle gedachten weromfierd wurde kin op 'e ferskillende kolonisaasjeperioaden fan 'e eilannen en it fêstelân, dy't trijehûndert jier útinoar leinen. Mar ek yn 'e beide kloften besteane tusken de dialekten grutte ferskillen; fral yn 'e eilânkloft is dat it gefal.

It Sölring, it dialekt fan it eilân Söl, bygelyks, hat him sa ôfwikend ûntwikkele, dat it tsjintwurdich foar de sprekkers fan 'e oare eilândialekten frijwol net mear te ferstean is. Mei't it mooglik is en stek by leech wetter it Waad tusken Feer en Oomram oer, lykje de dialekten fan dy eilannen krekt tige opinoar (sadwaande hat men it dan ek faak oer it Fering-Öömrang as ien dialekt). En it Hilgelânsk (Halûndersk), fan it fier fuort yn 'e Dútske Bocht leine Hilgelân stiet frjemdernôch folle tichter by it Fering-Öömrang as it Sölring.

Troch de ûnderlinge ferskillen tusken de dialekten hienen yn ferline de Noardfrysksprekkers ek nea kontakt yn 'e eigen taal mei de sprekkers fan in oar dialekt, hoewol't dat, benammen op it fêstelân, wol kinnen hie. Ynstee dêrfan sprutsen se mei oare Noardfriezen yn it Nederdútsk. Ek tsjintwurdich is dat noch fierhinne de omgongstaal yn Noard-Fryslân.

De ûnderskate dialekten thumbnail|De Noardfryske dialekten. Troch harren relative isolaasje op it Waad en harren hegere maatskiplike status steane de eilândialekten, dy't noch sprutsen wurde troch yn totaal sa'n 7.000 minsken, der oer it algemien better foar as de fêstelândialekten, dy't mei-inoar mar sa'n 3.000 sprekkers hawwe. It dialekt mei de measte sprekkers is it eilândialekt fan Feer, it Fering, dat noch troch sa'n 3.000 minsken sprutsen wurdt. Feer hat sa'n 11.000 bewenners en men kin stelle dat likernôch in trêde part dêrfan Fering sprekt of ferstean kin.

De selsstannigens fan 'e dialekten is tekenjend foar de sitewaasje fan it Noardfrysk. Sa hawwe de measte dialekten, fral dy fan 'e eilannen, in eigen ynfrastruktuer opboud, dy't wantrouwend bewekke wurdt troch de lokale taalferienings, lykas de Sölring Foriining op Söl; de Fering Stiftung op Feer; en de Öömrang Ferian op Oomram.

Fan 'e njoggen noch libjende haaddialekten hearre der trije ta de eilângroep: it Hilgelânsk fan Hilgelân, it Sölring fan Söl, en it Fering-Öömrang fan Feer en Oomram. Datlêste dialekt kin wer ûnderferdield wurde yn fjouwer subdialekten: it Öömrang, it Westerlân-Fering, it Súd-Fering en it Easterlân-Fering. Op it fêstelân binne de haaddialekten (fan noard nei súd): it Wiiringhiirder, tusken de Deenske grins en Emmelsbüll; it Böökinghiirder, tusken Niebüll en Fahretoft; it Karhiirder, om Stedesand hinne; it Noarder-Goeshiirder, tusken Bargum en Bredstedt; en it Middel-Goeshiirder, tusken Bredstedt en Bomstedt.

It útstoarne Suder-Goeshiirder waard noch wer besuden dêrfan sprutsen, om Hattstedt en Schobüll hinne. Yn Schöbull stoar it al yn 'e jierren sechstich út, yn Hattstedt yn 1981. De Nordfriesische Wörterbuchstelle (it "Noardfrysk Wurdboekynstituut") besiket no dit dialekt te rekonstruëarjen, troch gebrûk te meitsjen fan âlde bânopnames út 'e jierren fyftich, sechstich en santich.

Fierders hat it Böökinghiirder yn syn eastlike gebiet twa frij sterk ôfwikende subdialekten, it West-Mooringer en it East-Mooringer, dy't tradisjoneel net meiteld wurde as selsstannige dialekten. It West-Mooringer wurdt om Niebüll hinne sprutsen en it East-Mooringer om Risem-Looham hinne. Op 'e lytse Halligen-eilannen Nees, Olân, Groue, Habel en Hege, besuden Feer, wurdt ta ein beslút noch it Hallichfrysk sprutsen, dat ek ta de fêstelângroep rekkene wurdt, dêr't it nammentlik folle mear mei gemien hat as mei de oare dialekten fan 'e oare eilannen.

Dialektnammen De eigen nammen fan 'e fêstelândialekten (bygelyks Frasch, Freesk, Fräisch) binne basearre op it konsept "Frysk", wylst de eilândialekten neamd binne nei it eilân dêr't se sprutsen wurde: Sölring op Söl; Öömrang op Oomram; Fering op Feer; en Halûndersk op Hilgelân. It wurd Friisk is betocht as neutraal kompromis foar alle Noardfryske dialekten of alle Noardfriezen. Dy oantsjutting is yn 'e rin fan de tiid ûnderdiel wurden fan ferskillende nammen lykas Friisk Foriining, Friisk Gesäts of Nordfriisk Instituut.

Ynfloeden fan oare talen Noard-Fryslân is in paradys foar taalkundigen, mei't der withoefolle talen sprutsen wurde. Yn it foarste plak is der fansels it Noardfrysk, yn njoggen sterk útinoarrinnende dialekten, dan it Nederdútsk, it Dútsk, it Deensk en it Súdjutsk, in Deensk dialekt, dat lykwols foar Denen fan 'e eastlike eilannen frijwol ûnfersteanber is. Fansels is it Noardfrysk troch de iuwen hinne sterk troch al dy oare talen beynfloede. De ferdútsking fan de taal en it ferdwinen hat nei 1945 tanommen doe't de befolking van Sleeswyk-Holstein mei de helte tanaam troch de fêstiging fan flechtlingen út East-Prúsen, dy't troch Poalen en Russen út har heitelân ferdreaun wiene. Ek it gebrûk fan it Nederdútske Platt waard nei de oarloch yn it deistich ferkear ferfongen troch it Heechdútsk.

Standerdisaasje Der is oant hjoed de dei ta noch gjin Noardfryske standerttaal foarme, benammen fanwegen de ferskillen tusken de dialekten. Dy binne nammentlik sa grut, dat in protte taalkundigen it Noardfrysk net as ien, mar as fjouwer nau besibbe, mar selsstannige talen beskôgje: it Fêstelânnoardfrysk, it Fering-Öömrang, it Sölring en it Hilgelânsk.