Taede Zijlstra (Wytmarsum, 20 jannewaris 1901 – dêre, 1 febrewaris 1946) wie in Frysk keatser.Berte-akteDea-akte Zijlstra spile as opslagger faak mei Ids Jousma en Klaas Kuiken. Hy wûn 139 earste, 73 twadde en 75 tredde prizen. Hie syn hichtepunt yn 1925-1926. Zijlstra is ien fan de keatsers dy't it slagge om it Klaverke Fjouwer te winnen.
Tsjin de ein fan de Twadde Wrâldkriich waard Zijlstra troffen troch in slopende sykte. Op de PC fan 1945 soe er dan ek net mear keatse. De keatsers krigen tastimming ta it hâlden fan in kollekte foar Taede Zijlstra en syn húshâlding, de ynsamling soe goed ƒ3000,00 opbringe.
Taede Zijlstra ferstoar op 1 febrewaris 1946 yn 'e âldens fan 45 jier.
Prizen 1917 - Freulepartij 1ste priis 1917 - Jong Nederlân 1ste priis 1919 - Jong Nederlân 1ste priis 1919 - de Bond 3e priis 1920 - de Bond 6e priis 1920 - PC 1e priis 1921 - de Bond 2e priis 1921 - PC 1e priis 1922 - PC 1e priis 1923 - de Bond 1e priis 1924 - de Bond 2e priis 1925 - PC 1e priis 1926 - de Bond 3e priis 1926 - PC 1e priis 1928 - PC 2e priis 1929 - PC 1e priis 1930 - de Bond 2e priis 1931 - de Bond 3e priis 1931 - PC 1e priis 1932 - de Bond 6e priis 1935 - de Bond 2e priis 1935 - PC 1e priis 1936 - PC 2e priis 1937 - de Bond 3e priis 1937 - PC 2e priis 1939 - PC 1e priis 1942 - de Bond 5e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:PC kening Kategory:Persoan berne yn Wytmarsum Kategory:Persoan stoarn yn Wytmarsum Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1946