De Fryske Frijheid (Aldfrysk: Fresiska fridom of Freeska frydom, Latyn: Fresonica libertas) wie de bestjoersfoarm, it rjochtsysteem en de sosjale struktuer fan Fryslân yn it feodale Jeropa fan de midsiuwen, skaaimerke troch selsbestjoer en de ôfwêzigens fan it feodalisme en foarme dêrmei in útsûnderingsposysje, lykas Switserlân neffens Frânske histoarikus Marc Bloch. De wichtichste aspekten wiene ûnder oaren frijheid fan liifeigendom, feodale plichten en belestingheffing, lykas it ferkiuezen fan rjochters.

Dy frijheid ûntjoech him oan 'e ein fan de 11e iuw earst yn Easterlauwersk Fryslân en mei de delgong fan it Greefskip Mid-Fryslân. De earste ferwizings nei de Fryske Frijheid komme fan de 13e iuw. Algeduerigen yn de midsiuwen fersetten de friezen har tsjin it útwreidzjen fan it feodalisme nei har gebieten en fierden se in rige oarloggen tsjin it greefskip Hollân en hâld har autonomy. Yn dy snuorje wie de Fryske maatskippij organisearre yn in netwurk fan plattelânsgemeenten, of ek wol boererepubliken. De befolking bestjoerde himsels troch middel fan iepenbiere gearkomsten en keazen rjochters stelden in kodifisearre rjochtsysteem yn sûnder ek mar in foarm fan sintrale oerheid. De Friezen stelden ferdraggen mei oare machten en beskermje har frijheid, dy't yn 'e lette midsiuwen troch in tal Dútske keningen erkend waarden.

Oan de Fryske Frijheid kaam in ein oan 'e ein fan 'e 15e iuw, doe't hieltyd gruttere klasseferskillen yn it easten laten ta it oprjochtsjen fan it greefskip Eastfryslân, wylst, Westerlauwersk Fryslân ûnder it bewâld fan de hartoch fan Saksen kaam te stean. Sûnt de 16e iuw wurdt de Fryske Frijheid op ferskate manearen fannijs ynterpretearre. By de Nederlânske Opstân waard it brûkt en pleitsje foar it weromkommen fan rjochten dy't ûnder de Habsburchske hearskippij ferlern rekke waarden. De Fryske Frijheid ynspirearre letter de Patriottebeweging en ek de Amerikaanske en Frânske Revolúsjes. In Frysk histoarysk boek út dy snuorje befette in romantisearre beskriuwing fan de Fryske Frijheid, dy't lettere Fryske skiedskriuwing tige beynfloede. Letter waard it troch it Frysk nasjonalisme omfoarme ta in nasjonale myte, dêr't frijheid yn ôfskildere waard as in erflik skaaimerk fan it Fryske folk.

Skiednis De Fryske Frijheid komt foar it earst foar yn in samling rjochten, de saneamde 17 Kêsten en 24 Lânrjochten, dy't nei alle gedachten om 1080 hinne ûntstien binne. Ek wurdt it neamd yn de Magnuskêsten yn in ferfalske Karelsprivileezje dy't yn de trettjinde iuw skreaun waarden. Neffens dat dokumint wie it foar de Friezen yn de hege en lette midsiuwen wenstich om as yndifidu frij te wêzen en as maatskippij oan, mei útsûndering oan de kening, gjin inkelde regel ûntwurpen te wêzen. Yn ruil dêrfoar betellen de Friezen de kening in huslotha of konickuere en dus belesting foar de frijheid fan de kening. As fertsjintwurdigers fan de kening joegen se bûtenlânske greven, almeast de Hollânske greven of biskoppen fan Utert, allinnich it útoefenjen fan guon keninklike basisrjochten. Dêrbûten mochten se harren eigen hearskippij net útoefenje. De Fryske Frijheid wie net it resultaat fan in skinking dy't yn ien kear jûn waard, mar fan in stadige ûntwikkeling.Ostfriesland: Geschichte und Gestalt einer Kulturlandschaft ; [in mienskiplike publikaasje fan it Ostfriesische Landschaft yn Auwerk en it Niedersächsischen Instituts für Historische Küstenforschung yn Wilhelmshaven]. 3., Ostfries. Landschaft, Auwerk 1998, ISBN 978-3-925365-85-0, S. 113.

It ûntstean Yn de achtste iuw, nei it ferstjerren fan kening Redbad, waard it Fryske Ryk stadichoan part fan it Frankyske Ryk. Under de Karolingen wie harren ryk opdield yn lytse gebieten, wol goaen neamd, dy't bestjoerd waarden troch in hear. Foar it meastepart wienen dat greven, dy't harren, úteinlik, ferantwurdzje moasten foar in kening. By de Friezen wie dat op in beskaat stuit lykwols oars. Hja bestjoerden harsels, en de iennige hear dy't oer harren stie, wie de kening sels. Der wie lykwols in laach fan boere-adel, de saneamde nobiles, mar dy wie sa breed dat net ien fan harren in bopperegionale betsjutting bemachtigje koene. Der ûntwikkele him gjin Frysk stamhartochdom, mar ynstee dêrfan ûntjoech him "in wiid ûnderwurpen federaasje fan frije minsken dy't net ta eigendom fan in oare hear hearden, dy't ûnder beskerming fan de kroan libben en allinnich oangeande militêre tsjinsten en tributen dêroan ferskuldige wiene".: Kleine Wirtschaftsgeschichte Ostfrieslands und Papenburgs. 1e oplage. Norden 1991, ISBN 978-3-922365-93-8, S. 19 f.

Nei't de Wytsingen om 800 hinne foar it earst yn Fryslân, dat ûnder Karolingyske hearskippij wie, oanfallen hiene, waarden de Friezen frijsteld fan militêre tsjinst yn bûtenlânske gebieten sa't se harren konsintrearje koene op it ferdigenjen tsjin de Wytsingen. Dy ferdigening fan it lân waard ek organisearre op basis fan de pleatslike befolking, sa't der gjin ferlet fan in beropskriichsmacht fan fazallen, dy't in soad grûn yn besit hiene, wie. Mei de oerwinning yn de Slach by Norden yn 884 waarden de Wytsingen lang om let út Fryslân wei ferdreaun. Harren driging wie lykwols fuort noch net oer.

Wylst yn de folgjende iuwen yn grutte parten fan Jeropa in hieltyd sterker hiërargyske hearskippij fan feodale hearen ûntstie, wjerstie Fryslân dy ûntwikkeling en bleau it frij fan de bûtenwrâld. Dy "frijheid" waard fertsjintwurdige troch de grytmannen yn Westerlauwersk en de redjeven yn Easterlauwersk Fryslân, "keazen" of selektearre fertsjintwurdigers fan de autonome plattelânsmienskippen út de klasse fan de grutboeren. Ynearsten wiene dy grytmannen/redjeven allinnich mar rjochters, de saneaamde asega, beneamd troch de lânshearen.: Politische Geschichte Ostfrieslands. 1975, S. 22 ff.

De autonomy fan de plattelânsmienskippen bestjutte dat greven om utens, dy't troch de Karolingers oansteld waarden, gjin folsleine territoriale sûvereiniteit oer hiel Fryslân krije koene. Hja stjoerden wol fertsjintwurdigers dy't beskate taken útfiere moasten. Mar dat brocht de Fryske Frijheid fan de lâneigen boeren en eallju gjin skea ta. Fan de alfde iuw ôf ûntjoech it Fryske stribjen foar selsstannigens itjinge ta wapene konflikten mei greven om utens yn de alfde en tolfde iuw late. As gefolch dêrfan ûntstiene doe selsbestjoerende Fryske regionale mienskippen mei mear koöperative grûnwetlike struktueren.

Oft dy frijheid in rjocht wie, of fuortkaam út omstannichheden sa min dat gjin hear der belang by hie, is ek net wis. Al is dúdlik dat dy frijheid op basis fan it Karelsprivileezje ek wier fêstlein is, al wurdt der no oannaam dat dat privileezje sels, as it bestien hat, in falsifikaasje west hat.

Oarsaken en gefolgen As wichtichste oarsaak foar it ûntstean fan dy frijheid wurdt wol sjoen de frijmoedigens foar de lânshearen oer dat harren stadichoan ûntwikkele en op 'e ein fan de 11e iuw as gefolch fan de hieltyd weromkommende strideraasjes oer de greeflike rjochten.

De deaslach op greve Arnulf yn 993 liket it earste teken fan de Libertas fan de Friezen. Dy Fryske greve sneuvele doe't er besocht de opstannige lju fan him ta hearrigens te twingen. De moard op in oare greve Hindrik de Fette yn 1101 wurdt sjoen as it feitlik begjin fan de Fryske frijheid.

Dy Frijheid waard op 3 novimber 1248 troch de Roomske Kening Willem II oan de Friezen befêstige. Dat die er nei't er help krigen hie fan de Friezen by it belis fan de stêd Aken. Hy wie nammentlik tsjin-kening fan it Hillige Roomske Ryk, tsjin de kroande keizer Freark II. Yn 1417 waard de Fryske Frijheid op 'e nij befêstige, mar ditkear troch in foarst sûnder tsjinfoarst, keizer Sigismund, dy't Fryslân ta "ryksûnmidlik" gebiet ferkleare. Foar dy befêstigings fan de Fryske Frijheid oer stiet lykwols dat oare keizers Fryslân yn lien jûn hawwe, lykas yn de 14e iuw Loadewyk IV oan de greven fan Hollân. thumb|200px|Segel fan it bûn fan de Opstalbeam. Neffens lettere skriuwers soe de frijheid ôfkomstich wêze fan it saneamde Karelsprivileezje dat Karel de Grutte oan Magnus Forteman jûn hie, as beleanning foar de oermastering fan Rome. Ferskate boarnen meitsje fan dat Karelsprivileezje of de Magnuskerren gewaach. It orizjineel is fuort rekke, neffens guon ynmitsele yn de muorre fan in tsjerke, nei alle gedachten dy fan Almenum, Ferwâlde of Aldeboarn. Ornaris is dat ferhaal lykwols ferbûn mei de Magnusfane. In oare feklearring is dat it Karelsprivileezje bewarre waard yn Snits, en mei ien fan de grutte stedsbrannen fan de 15e iuw ferbaarnd is.

Nettsjinsteande dat kin fêststeld wurde dat it Fryske gebiet mei ynbegryp fan De Ommelannen, East-Fryslân en it Lân Woersten fan de 10e iuw ôf oant it begjin fan de 16e iuw in folslein eigen ûntwikkeling trochmakke hat, dêr't de feodale struktuer sa as dy troch Karel de Grutte ûntwurpen wie likernôch folslein ûntbruts.

In oare ferklearring wurdt jûn troch B.H. Slicher van Bath. Troch him wurdt der op wiisd dat yn Fryslân lykwols greven west hawwe, mar dat dy harren net ta lânhear ûntwikkelje koene omdat de twadde pylder fan it feodalisme, de ûnderhearrigens hjir net bestie. Oars as yn grutte dielen fan Jeropa it gefal wie, wie yn midsiuwsk Fryslân altiten in jildekonomy bestean bleaun. De Fryske boeren beöefenen fral it fokjen fan fee en kombinearren dat de iuwen troch mei hannel. Ferplichtings dy't yn oare gewesten betelle waard yn natuera, koenen troch de Friezen mei jild ôfkocht wurde. De greve koe syn taak as rjochter noch wol lange tiid útoefenje, mar it ûntbrekken fan in lokale machtsbasis hat lang om let syn ein yn Fryslân betsjut.

Bloeitiid Op syn hichtepunt om 1300 hinne omfieme it Ryk fan de Frije Fryske Lannen 27 lângemeenten tusken it Fly oant it Lân Woersten noardlik fan it hjoeddeistige Bremerhaven. De lângemeenten foegen harren gear ta de Sân Seelannen. Harren ôffurdigen kamen nei Pinkstermoandei gear by de Upstalbeam yn Rahe by Auwerk, in moetingsplak op in heuvel. Twa fertsjintwurdigers, keazen troch eltse lângemeente, treden op as rjochters fan de Seelannen. Oannommen wurdt dat dy rjochters út foaroansteande famyljes kamen, om't it aktyf en passyf rjocht ferbûn wie oan lâneigendom. Dat bestjutte dat, hoewol't de besluten hieltyd troch twa ôffurdigen dien waarden, de gearkomste yn de Upstalbeam út it folsleine selskip fan rjochters bestie en dêrtroch wie de Upstalbeam net in moetingsplak fan alle "frije Friezen", mar in plak dêr't ynfloedrike leden fan de lângemeenten byinoar kamen.

"De stamme is frij nei de bûtenwrâld en oan net ien inkelde hear om utens ûnderwurpen. Foar frijheid geane se har dea temjitte en kieze se leaver foar de dea as ûnder it jok fan de slavernij te bedarjen. Dêrom hawwe se militêre weardigens opheft en steane se it net ta dat guon ûnder harren harsels oertreffe mei in militêre rang. Hja binne lykwols ûnderwurpen oan magistraten dy't elts jier út harren midden kieze en dy't e steatsaken ûnder harren oarderje en regelje...." Oardiel fan de Ingelske fransiskaan Bartholomaeus Anglicus om 1240 hinne

Ynhâld thumb|Aldste ôfbyld fan de Upstalbeam troch C.B.Myer yn 1790 thumb|Hjoeddeistich plak fan de Upstalbeam dêr't in piramide ta oantins stiet. It ûntbrekken fan in lânshear betsjutte dat er ek gjin sintraal bestjoer bestie. Dat wie benammen foar de wetjouwing en rjochtspraak, dy't yn de midsiuwen noch net dúdlik fan inoar skaat wienen, in gemis. Om dat gat op te foljen waard besocht om foar it hiele gebiet fan de Friezen regels fêst te lizzen. Ut ferskate omkriten kamen dêrfoar ôffurdigers geregeldewei byinoar by de Upstalbeam by Auwerk. Letter waarden ek gearkomsten hâlden yn de stêd Grins.