Ezinge (Grinslânsk: Aizing) is in terpdoarp yn Grinslân, dat yn it noarden fan de gemeente Westerkertier oan it Oldehoofsche kanaal leit. Oant 1990 wie it in selsstannige gemeente, mar it doarp waard doe part fan de gemeente Winsum. Ezinge foarmet sûnt 1 jannewaris 2019 ûnderdiel fan de gemeente Westerkertier.
Yn 2008 hie Ezinge 750 ynwenners.CBS Statline, 2008
Beskriuwing Ezinge is it haaddoarp fan it eardere skiereilân Middag. Dat ûntstie yn de achtste iuw yn de mûning fan de Hunze (no: Reitdjip) troch ynbrekken fan de Lauwerssee. Ezinge is bekend fan de opgravings dy't de archeolooch Albert van Giffen (1884-1973) dêr yn de jierren tweintich en tritich fan de tweintichste iuw dien hat. Dêrby binne de oerbliuwsels fûn fan 85 pleatsen en 60 bygebouwen út de perioade 600 f.Kr. oant de fyfde iuw n.Kr. In bysûndere fynst wie de gouden "swurdknop fan Ezinge", dy't út de sande iuw datearret en dy't te fergelykjen is mei dy út it keningsgrêf fan Sutton Hoo yn Ingelân.Department for Culture, Media and Sport - Treasure Annual Report 1998-1999
Ezinge hat in beskerme doarpsgesicht. Part dêrfan is de tsjerke út de trettjinde iuw, dy't op de râne fan de ôfgroeven terp leit en dêr't de tsjerketoer fan los fan de tsjerke sels stiet.
Yn it doarp is it museum Wierdenland, Centrum voor wierden en landschap (foarhinne: Museum Wierdenland) festige, dat terpen en it terplânskip ta ûnderwerp hat.
Noardeastlik fan Ezinge stiet de Allersmaboarch, wêrfan it âldste part yn 1400 boud waard.
Sjoch ek Tsjerke fan Ezinge
Gallery
Kategory:Plak yn it Westerkertier Kategory:Eardere gemeente yn Grinslân Kategory:Beskerme doarpsgesicht yn Nederlân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1990