In typmasine (eins: skriuwmasine, en yn de folksmûle foarhinne ek wol tikmasine neamd) is in meganysk skriuwynstrumint, meast foarsjoen fan druktoetsen dêr’t skrifttekens mei op papier set wurde kinne. Fóár de útfining fan de skriuwmasine, yn de 19e iuw, waarden brieven en ek offisjele dokuminten mei de hân skreaun, faak troch klerken.

Yn ’t earstoan waard it as net hoflik sjoen om in skriuwmasine te brûken foar in brief. Oant yn de twadde helte fan de tweintichste iuw skreaune se sollisitaasjebrieven, brieven oan it Keninklik Hûs en brieven oan freonen mei de hân. Jo kinne dat paradoksaal neame, om’t in soad hânskriften min te lêzen binne. In útjouwer fan boeken, dêrfoaroer, akseptearre fan de auteur allinnich masineskrift.

Sûnt it opkommen fan de pc, en benammen fan de tekstferwurker, is de skriuwmasine sa goed as út de tiid rekke. De foardielen fan in tekstferwurker foar in skriuwmasine oer binne: it besjen fan tekst op in skerm sûnder printsjen dêr’t kosten mei anneks binne; de sykfunksje, sadat typflaters ien foar ien, en identike flaters tagelyk, ferbettere wurde kinne (nijer: in ynboude staveringshifker, dêr’t mooglike flaters mei oantsjut en korreksjes suggearre wurde) de opslach fan ferskate ferzjes ûnder opienfolgjende bestânsnammen; Yn it gefal fan literêr wurk nuttich foar filologen by it bestudearjen fan it kreative proses fan skriuwen en skrassen. Earder hiene argiven of bibleteken gewoanwei mar ién hânskrift of tikke eksimplaar mei trochhellings en korreksjes. de opslach fan weromkommende tekstparten as boustiennen foar groepearre ferstjoering.Ferfanging fan de stinselmasine. mooglikheid om ferskate lettertypes, kleuren en gruttes sa nedich trochinoar te brûken.

Skiednis

Ferskate lannen yn de wrâld easkje de eare op dat in lânsman de útfiner wie fan de skriuwmasine. De Ingelsken miene dat Henry Mill al yn 1714 in oktroai krige foar in apparaat dat op in skriuwmasine liket. todayinsci.com - Patents issued to Henry Mill De Italjanen fine dat it Pellegrino Turri wie. Hy makke syn masine, dy’t spitigernôch ferlern gien is, yn 1808. Ek de Italjaan Gioseppe Ravizza makke tusken 1837 en 1855 al inkelde ferskillende modellen. De Frânsen sjogge Xavier Progin as de útfiner, om’t er yn 1837 syn ‘Plume Typografique’ presintearre. De Eastenrikers miene dat Peter Mitterhofer (1864) de eare takomt en de Russen neame M. Alissoff as útfiner. De Feriene Steaten bliuwe net efter yn dizze rige fan útfiners en miene dat William Austin Burt syn houten skriuwmasine brûkte foar in earste (en bewarre) brief oan syn wiif.

De iennige echte, as earste yn mearfâldige produksje nommen skriuwmasine waard yn 1867 útfûn troch Christoper Latham Sholes, Carlos Glidden en Samuel W. Soule. Hja wurken as tiim sekuer gear yn in wurkstee yn Milwaukee. It patint út 1867 waard ferkocht en kaam telâne by E. Remington and Sons, dy’t oarspronklik naaimasines en wapens makken. Dy earste kommersjele skriuwmasine waard troch Remington makke op 1 maart 1873 yn Ilion, New York.

Njonken de kantoarskriuwmasines, dy’t swier en deechlik wiene, kamen letter ek draachbere skriuwmasines yn de hannel, bedoeld foar bygelyks fertsjintwurdigers, sjoernalisten en it leger. Dy wiene licht, minder deechlik en de typkwaliteit wie in stik minder. Ek wie it arbeidzjen op dy draachbere masines net noflik.

Wurking De measte skriuwmasines hawwe in rôle dêr’t in fel papier heal omhinne wikkele wurdt en fêstklamme. Dy rôle sit yn in wein, dy’t jo hinne en wer ferwege kinne. Nei it oanslaan fan in letter skoot de wein (mei rôle en papier) in stikje nei lofts, om plak te meitsjen foar de folgjende letter. Oan de ein fan de rigel wurdt de wein hielendal werom nei rjochts treaun en tagelyk wurdt de rôle in stikje ferdraaid, sadat de folgjende rigel wat leger op it papier tikke wurde kin.

De direkteur fan it Britsk Skriuwmasinemuseum, Wilfred A. Beeching, ferparte de wurking fan de ferskate skriuwmasines yn tsien groepen. De Nederlânske skriuwers J. Boot en L.H.M. Knaven wergroepearren dy tsien yn de folgjende groepen:

masines mei in ûnderoanslach oant 1898 dy’t lykje op de boppeneamde masine fan Remington, bygelyks de Yost of Caligraph; masines mei toetsearms, mar in mienskiplike typdrager, bygelyks in skriuwbaltsje Blickensderfer, Hammond of IBM; masines mei in boppe-oanslach en typearms fóár de skriuwrôle oant 1898, bygelyks de Bar-Lock of de Salter; masines mei in boppe-oanslach en typearms efter de skriuwrôle oant 1898, bygelyks de North; masines mei in boppe-oanslach en typearms boppe de skriuwrôle oant 1898, bygelyks de Fitch; masines mei in boppe-oanslach en typearms fóár en efter de skriuwrôle, bygelyks de Williams; masines mei in boppe-oanslach en typearms lofts en rjochts boppe de skriuwrôle, bygelyks de Oliver; masines mei in wizer of yndekssysteem oant 1898, bygelyks de Colombia, de Mignon of de Odell; masines mei in foar-oanslach en typearms oant 1898, bygelyks de Daugerty; masines mei in foar-oanslach en stjitstangen oant 1898, bygelyks de Empire of de Adler.

Yn it tiidrek nei 1898 folgen der in soad ferbetterings op besteande modellen.

Lettertype

Fierwei de measte skriuwmasines hiene in saneamd net-proporsjoneel lettertype: dat wol sizze dat brede letters (lykas de ‘m’) likefolle romte yn beslach nimme as smelle letters (lykas de ‘i’). Op in fel papier steane alle letters en spaasjes dus ek rjocht ûnderinoar. Dat is te ferlykjen mei it hjoeddeistige kompjûterlettertype Courier, wêrtroch dat der wat âlderwetsk útsjocht. Foardiel fan dit lettertype is wol dat it tal lettertekens de rigel of fel makliker út te rekkenjen is. Ek ferkearde dûbele spaasjes binne mei de Courier-letter maklik te finen.

Inket Der binne ferskate wizen dêr’t de beïnkting mei plakfynt. De hjirboppe as foarbyld neamde Williams stimpele de letters eins op it papier. By de Blickerderfer giet in lyts inketbaltsje by de skriuwdrager del. De measte masines wurkje lykwols mei in inketlint. Foar de rôle rint in inketlint del. Dat lint wurdt lofts en rjochts op en fan in spoel wûn. It inketlint ferskoot wat nei eltse oanslach fan in letter. Oan de ein fan it lint wurdt de rjochting automatysk omdraaid. By in soad âldere masines moat it lint lykwols mei de hân weromdraaid wurde.

Guon inketlinten binne oan de ûnderkant read, oan de boppekant swart (of donkerblau), sadat der yn twa kleuren tikke wurde koe. Soms moat dat troch it inketlint derút te heljen en oarsom yn de masine te setten, mar de measte skriuwmasines hawwe in aparte toets of pook om it lint wat heger of leger te setten, dêr’t de oare kleur troch keazen wurdt. Dat is benammen nuttich foar de boekhâlding, dêr’t negative tallen yn it read skreaun wurde. Dy mooglikheid is op de PC werom te finen yn in soad rekkenprograms, lykas byg. Excel. Mei in spesjale ynstelling kinne dêr negative tallen read yn makke wurde.

It inketlint moat troch sliten en útdrûgjen nei in skoft wol ferfongen wurde.

Oanslachsterkte Guon masines hawwe ek in pookje om in ekstra swiere oanslach te forsearjen, sûnder gebrûk te meitsjen fan it lint, foar it meitsjen fan stinsels.

It tikjen In skriuwmasines hat toetsen om de letters mei de fingers oan te slaan. De yndieling fan it toetseboerd is net de meast effisjinte foar de hânbeweging, mar nei’t se sizze sa keazen om de kâns op it fêstreitsjen fan de letterearms lyts te hâlden. It toetseboerd fan in moderne kompjûter hat de yndieling fan de skriuwmasine oernommen. Boppe de toetsen mei letters sitte toetsen foar de sifers. In skriuwmasine hat ek toetsen mei lêstekens, hoewol minder as op de hjoeddeistige kompjûtertoetsebuorden. Troch frij hurd op de knop mei in letter te drukken, komt der in staafke (‘hammerke’) omheech, dêr’t in printletter op montearre is. Dy slacht frij hurd tsjint it inketlint oan, sadat der op it efter it lint leine papier in print fan de letter makke wurdt. Op itselde stuit soargje in fear en in esjappemint derfoar dat de wein in posysje opskoot. De skriuwmasine hat ûnder de letters in spaasjebalke, dêr’t de wein allinnich mei opskood wurdt sûnder dat der in letter printe wurde.

Ein fan de rigel

As in rigel hast folskreaun is, klinkt der sawat sân tekens foar de ein in skille. Der is dan noch romte om in wurd te beëinigjen, of om op it krekte plak in ôfbrekteken te tikjen. Dêrnei moat de wein, mei dêrop de rôle en it papier, mei in pook weromtreaun wurde. In meganyk soarget der dêrby foar dat de rôle ek in stikje ferdraait, sadat de folgjende rigel tikke wurde kin. Dat barren klinkt noch hieltyd troch yn it begryp carriage return foar de wein; line feed stiet dan foar it trochdraaien fan it papier nei de nije rigel.

Ynstellings De skriuwmasine hat noch allerhande oare poken, ûnder oare om de kantline lofts en rjochts yn te stellen, foar de ynstelling fan de tabs (tabulator neamd) en sokssawat.

Folchoarder fan de toetsen Yn ’t earstoan hantearren ferskate fabrikanten harren eigen folchoarder fan de toetsen. Omdat de hammerkes by te flot tikjen wolris yn de tiis rekken, hat de Amerikaan Christopher Sholes in oanpaste toetsfolchoarder betocht. Dêrby waarden letterkombinaasjes dy’t gauris foarkamen oan wjerskanten fan it toetseboerd set, sadat de hammerkes net yninoar fertize reitsje soene. Dy folchoarder wurdt, neffens de folchoarder op de boppeste letterrige QWERTY- of AZERTY-toetseboerd neamd. Dy folchoarder is by de ynfiering fan de elektryske skriuwmasines en kompjûters sa bleaun, hoewol’t it probleem fan de hammerkes dêr net mear spilet. Njonken skriuwmasines mei in QWERTY-yndieling binne skriuwmasines makke mei in Dvorak-yndieling. Dêrnjonken ha skriuwmasines bytiden noch ekstra toetsen foar taalspesifike letters, sa hiene Nederlânske skriuwmasines in ekstra toets foar de ij. In fabeltsje oer it ûntstean fan it QWERTY is dat dat betocht is troch fertsjintwurdigers dy’t de skriuwmasines ferkeapje moasten. Om sjen te litten hoe maklik en flot dy binne, soene se it wurd ‘’typewriter’’ o sa rap tikje kinne troch allinnich de boppeste rige te brûken.

Elektryske skriuwmasine De meganyske skriuwmasines hiene wol neidielen: sa koene de staafkes dêr’t de letters op sieten yninoar fertize reitsje as der te flot tikke waard. Ek koe it barre dat in skerp teken, lykas de punt of it skrapke troch it papier hinne sloech, as der te fûl tikke waard. Dy problemen waarden oplost mei de komst fan de elektryske skriuwmasine, dy’t al gau fan in korreksjelint foarsjoen waard. Yn it begjin hiene de elektryske skriuwmasines noch it gewoane meganyk mei staafkes en letters derop, letter waarden masines makke mei letterbaltsjes (IBM) en daisy wheels (Olivetti). Dy koene ferfongen wurde, sadat mei in oar lettertype wurke wurde koe, of sels mei bygelyks Grykske letters. In oare ynnovaasje wie de ferfanging fan it inketlint. Trochdat dat frij gau minder skerp waard, waard it troch in keunststoflint ferfongen dat ienkear brûkt waard. Dat keunststoflint waard yn weismytkassettes levere.

De lêste elektryske skriuwmasines hiene sels in ûnthâld, dêr’t bygelyks in hiele te tikjen rigel yn opslein wurde koe. Dêrtroch wie it folle ienfâldiger om flaters te korrisjearjen. Nei kontrôle en korreksje waard de folsleine rigel yn ienkear ôfprinte. Dy masines hawwe lykwols net lang yn gebrûk west.

It brûken